Twa nije Fryske toarnbeisoarten opnaam yn offisjele list fan Naturalis

Fryslân hat der offisjeel twa nije toarnbeisoarten by. Der is oer publisearre yn it botanyske fakblêd Gorteria fan Naturalis. Karst Meijer fan Noardwâlde hat de nije toarnbeisoarten ûntdutsen en omskreaun. Hy is konservator fan it Herbarium Frisicum yn Wolvegea.
Meijer is sûnt begjin jierren '80 fan de foarige iuw dwaande mei planten en ek mei toarnebeien. Ynearsten socht er se yn syn eigen omjouwing by Noardwâlde en omkriten en letter yn hiel Fryslân.
Hoe giet soks yn syn wurk mei it sykjen nei nije soarten? As er wat sjocht dat er net ken, begjint syn yntuysje te wurkjen, fertelt Meijer. De ûnbekende planten bewarret er foar syn Herbarium Friscum. "Daar, in het herbarium, vindt eigenlijk de geboorte van een nieuwe soort plaats."
It Herbarium Frisicum yn Wolvegea hat mear as 150.000 drûge planten yn de kolleksje. It grutste priveeherbarium fan Europa bestiet mear as fjirtich jier.
Naturalis yn Leiden is it nasjonale ûndersyksynstitút dat him dwaande hâldt mei bioferskaat. It ynstitút jout it fakblêd 'Gorteria' út. Dat is in tydskrift foar ûndersyk nei wylde planten dat him rjochtet op de fersprieding fan plantesoarten.
Der is in ferskaat oan soarten toarnbeien en der komme hieltyd wer nije by. Dat bart spontaan. De plant fermearderet him sûnder dat der befruchting nedich is. Se kinne ek net krúst wurde.
De toarnbeisoarten ûnderskiede harren faninoar trochdat de blomkes ferskate kleuren hawwe. De iene soart bloeit wyt en de oare rôze, of read. De wize fan groeien kin ek ferskillend wêze. Guon toarnbeisoarten groeie rjochtop en klimme, oaren bliuwe leech by de grûn.

As Meijer wat ôfwikends stean sjocht, siket er yn de omjouwing oft der ek mear fan sokken stean. Sa is it ek gien mei dy twa nije soarten dy't er ûntdutsen hat yn it gebiet tusken Frjentsjer, Bûtenpost en Drachten.
Rubus frieslandicus en rubus horridifolius
De nij ûntdutsen soarten krije earst Latynske nammen. De soarten dy't no yn it Naturalisblêd omskreaun binne, hjitte 'rubus frieslandicus' en 'rubus horridifolius'. 'Frieslandicus' ferwiist nei it fynplak, inkeld yn Fryslân. Yn 'horridifolius' sit it wurd 'horror' en folius foar blêd. Dat ferwiist nei it skerpe kaamblêd en it feit dat dizze soart in soad stekkers hat.

De 'rubus frieslandicus' is in opfallende toarnbei dy't leech by de grûn groeit. Hy bloeit wyt, einigjend yn read en hat reade, swiete fruchtsjes.
De oare nije soart, de 'rubus horridifolius', groeit rjochtop. Hy hat ljochtrôze blomkes, ljochtgriene blêden, en lytse swiete en soppige fruchtsjes.
Dy 'horror'-toarnbei hat Meijer foar it east sjoen by it Paradyske by Bûtenpost. No't bliken dien hat dat er wiid ferspraat is, mei er opnaam wurde yn de offisjele list.

Der komme noch mear nije toarnbeisoarten oan om beskreaun te wurden, wit Meijer te melden. Sa is by it spoar by Bûtenpost in ûnbekende toarnbeisoart fûn. "Misschien wel de mooiste braam van Nederland", fynt Meijer.
It punt is dat dy mar op ien plak oantroffen is. As er as soart beskreaun wurde moat, moat er him noch wol bot útwreidzje.
Offisjeel is it noch net, mar de nije soart by Bûtenpost hat al in foarriedige namme, beslút Meijer. De namme 'rubus rosans' ferwiist nei de reade blommen. De blêden en stâle binne ek readich.