HEA! Welmoed, de floggende boerinne

HEA! Welmoed, de floggende boerinne
Welmoed Deinum en har wûnderlike famylje ha yn Sondel in biologysk dynamysk melkfeebedriuw. Elkenien is aktyf belutsen en hat sa syn eigen taken. Welmoed makket oer alles wat se belibbet en docht in floch en pleatst dy op har eigen socialmediakanalen.
Welmoed rint altyd yn in koarte broek, sit moarns om healwei fiven yn in kâld bad en is in echt oerminsk. It boerelibben sit har en har famylje yn it bloed. Om't boeren net faak posityf yn it nijs komme en sels net echt it ferhaal dogge, is se mei har flochs begûn. En dêr lit se alle moaie en positive kanten fan it boerelibben sjen.