Acht fertutearze hûnen yn beslach nommen yn Noardeast-Fryslân

Ien fan de fertutearze hûnen © Landelijke Inspectiedienst Dierenbescherming
De Landelijke Inspectiedienst Dierenbescherming hat yn Noardeast-Fryslân acht hûnen yn beslach nommen. De ynspeksjetsjinst fûn de dieren by in kontrôle op in húsadres yn de gemeente.
It gong om seis folwoeksen hûnen en twa pups, dy't bot fertutearze wiene. Sa hiene se in folslein ferfilte facht, wat soargje kin foar problemen as ûntstekkingen fan de hûd en jokte en pine. De ynspeksjetsjinst skat yn dat de hûnen teminsten in jier net knipt of wasken wienen.
Se waarden fûn yn twa skuorren dy't fol leinen mei smoargens lykas útwerpselen. De hûnen hienen ek gjin skjin drinkwetter.
De eigener krijt in proses-ferbaal. De offisier fan justysje bûcht him dêrnei noch oer de saak.
Bylden fan de fertutearze hûnen: