Den Haag mei hast 1 miljard brûke om pykbelesters út te keapjen

minister Christianne van der Wal © ANP
De Europeeske Kommisje hat grien ljocht jûn foar de pykbelestersregeling fan minister Christianne van der Wal om de stikstofproblemen by Natura 2000-gebieten oan te pakken. Nederlân hat fan Europa tastimming krigen om de kommende fiif jier 1,47 miljard út te jaan oan it útkeapjen fan boeren.
Dy oardel miljard is foar twa ferskate regelingen: sawat ien miljard is foar sa'n 3.000 pykbelesters yn de omkriten fan Natura 2000-gebieten, de rest is foar oare boeren dy't ophâlde wolle mar net ûnder dy pykbelesters falle.

'Woest oantreklike regeling'

Pykbelesters dy't definityf ophâlde fan buorkjen, kinne 120 prosint fan de bedriuwswearde as kompensaasje krije. Minister Van der Wal fan Natuur en Stikstof neamde dit earder al in 'woest oantreklike regeling'.
Oan dizze 120-persint-regeling mei de minister fan Brussel 975 miljoen euro útjaan. Tastimming fan de Europeeske Uny wie nedich omdat it opkeapjen fan boerebedriuwen sjoen wurdt as steatssteun.
De Europeeske Kommisje stelt wol ferskate betingsten. It belied moat bydrage oan de Europeeske Green Deal fan kommissaris Frans Timmermans en boeren dy't gebrûk meitsje fan de woest oantreklike regeling meie net op in oar plak op 'e nij begjinne mei buorkjen. De kommisje fynt ek dat Nederlân in duorsume, miljeufreonlike wize fan buorkjen befoarderje moat.

Pykbelestersregeling

It beslút fan de Europeeske Kommisje betsjut dat Nederlân no oan de slach kin mei in pykbelestersregeling. Johan Remkes advisearre it kabinet ferline jier al om mei faasje útein te setten mei it opkeapjen fan pykbelesters. Dat duorre wat langer omdat de regeling earst foarlein wurde moast oan de Europeeske Kommisje.
Kij yn Gaasterlân © Shutterstock.com (Marc Venema)
De kommisje gie ek net fuortendaliks akkoart, mar stelde Nederlân earst noch ferskate fragen. It ministearje fan lânbou is no dwaande mei in Keamerbrief oer de pykbelestersregeling. Yn dy brief komme nei alle gedachten ek mear details oer de regeling te stean. Lânbou-organisaasje LTO wol pas reagearje op de nijste ûntwikkelingen as dy brief der leit.

Oplossing foar PAS-melders

It ministearje fan lânbou wol de stikstofromte dy't frijkomt troch it útkeapjen fan de pykbelesters yn it foarste plak brûke om de saneamde PAS-melders oan in fergunning te helpen. PAS-melders binne boeren dy't bûten har eigen skuld gjin jildige fergunning hawwe.
It Ryk woe yn earste ynstânsje de stikstofromte yn it foarste plak brûke foar wentebou en grutte projekten op it mêd fan ynfrastruktuer, mar komt dêr no op werom. PAS-melders meie as earste gebrûk meitsje fan de beskikbere stikstofromte, skriuwt Van der Wal oan de Twadde Keamer.
Deputearre Klaas Fokkinga © Hoge Noorden / Jacob van Essen
It nijs oer de pykbelestersregeling en in oplossing foar de PAS-melders binne ûntwikkelingen dy't de Fryske minister fan lânbou Piet Adema goed brûke kin by syn ûnderhannelings oer in lânbou-akkoart. De petearen oan de sektortafel feehâlderij kealje swier en sitte neffens waarnimmers yn de ôfslutende faze. Lânbou-organisaasje LTO hat earder sels oanjûn net langer trochprate te wollen as 8 maaie.

Frysk programma foar it lanlik gebiet

De provinsje Fryslân is tagelyk dwaande mei in eigen Frysk programma foar it lanlik gebiet FPLG. Dêryn giet it net allinnich oer stikstof, mar ek oer wetterkwaliteit en de útstjit fan metaan. Dat plan komt, as it goed is, nije wike nei bûten.
Deputearre Klaas Fokkinga wie koartlyn kritysk oer it kabinetsbelied op it mêd fan stikstof. "Dit kabinet regearret net", sei Fokkinga doe oer de ferdieldheid yn de lanlike koälysje oer de stikstofoanpak. Fokkinga wie ek kritysk oer it útbliuwen fan finansjele stipe en goeie regelingen om boeren dy't ophâlde wolle útkeapje te kinnen. Dy regeling komt no troch it griene ljocht fan de Europeeske Kommisje in stap tichterby.