Bewege as terapy: foar groanyske klachten sûnder medyske oarsaak

Anita Kuipers © Omrop Fryslân
Hege bloeddruk, lêst fan de nekke en skouders, darmproblemen. Anita Kuipers fan Wolvegea fertelt wat de klachten wiene doe't se yn in burn-out bedarre. Op de burn-out-poly yn Den Haag waard se holpen op fysyk, mentaal én emosjoneel nivo. "Je geane troch alle lagen hinne."
Der binne hieltyd mear minsken mei groanyske klachten dêr't gjin medyske oarsaak foar fûn wurde kin. Sifers litte sjen dat 40 prosint fan de konsulten by de húsarts om dit soart klachten giet. Stiching Emovere wol mear omtinken foar in oare wize fan sjen nei dizze klachten.
By de stichting binne minsken mei ûnderfining en profesjonals oansletten, lykas Femme Zijlstra fan De Wylgen. Sy wurke as radiolooch yn ferskate sikehuzen en it foel har op dat der net altyd nei it folsleine plaatsje sjoen wurdt.
Femme Zijlstra oan it wurk as radiolooch © Omrop Fryslân
Se is yntusken yntegraal dokter en sjocht yn har eigen praktyk, ek as radiolooch, letterlik binnen by de pasjinten. Mar ek nei it gehiel. Dat emoasjes op koarte termyn ynfloed hawwe witte in soad minsken wol: sa is der de pinebúk as je in drege presintaasje hawwe. Mar dy is dan wer oer as de presintaasje klear is. It giet om emoasjes dy't ynfloed hawwe op de langere termyn.
Emoasjes dy't je net fiele, komme dochs ta utering yn lichaamlike taal, leit se út. Fia it senuwstelsel komt it dan yn it liif en set it him fêst. Klachten as pinebúk, earms dy't je net mear bewege kinne of hûdklachten lykas ekseem kinne it gefolch wêze.

Djipper trochfreegje

Emovere betsjut: emoasjes yn beweging. Zijlstra freget djipper troch, nimt de tiid en wol ek witte wat der spilet of wat der spile hat. As er dan saken boppen komme dy't dan de romte krije, dan wurde minsken better. "Echt beter", seit se.
Bewege as terapy: emoasjes yn beweging bringe
Anita Kuipers fielt har yntusken stikken better. "Ik hie ek net tocht dat it sa wurke, mar ik ha gewoan ûnderfûn wat it my oplevere hat", seit se. Ek har hege bloeddruk is oergien. Se is yntusken sels oan it wurk as mentale coach en leart ek de minsken dy't by har komme hoe't se romte jaan moatte oan emoasjes.
Dit is it tredde artikel yn in rige fan fjouwer oer bewege as terapy en omtinken foar de relaasje tusken it liif en de holle. Nije wike folget it fjirde diel fan bewege as terapy.