Skake en damje yn de bûtenloft: it kin no op it Schaapmarktplein yn Snits

Julius Bosma oan it earste potsje © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Bûtendoar skake of damje kin no yn de binnenstêd fan Snits. Der stean twa spylfjilden, dêr't leafhawwers in potsje dwaan kinne.
Leafhawwers kinne skaak- en damstiennen sels meinimme of ophelje by in sportwinkel dy't oan it plein grinzet. "Mei moai waar is it prachtich. Ik bin der hiel bliid mei", seit inisjatyfnimmer en skaakfan Julius Bosma.
"Eartiids waard mei grutte stikken skaakt, mar de lêste jierren is dêr neat mear fan kaam om ien of oare reden", leit Bosma út. "Ik seach op YouTube in soad bûtenskakers yn grutte stêden en ik tocht: 'miskien is dit ek wol wat foar Snits'."
Schaapmartkplein mei spyltafels © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Bosma socht kontakt mei de gemeente en hy hie sels wat ûntwerpen makke. De gemeente fûn it in goed idee. "Se hawwe úteinlik keazen foar dizze betonnen tafels. Se fûnen it in aardich inisjatyf en se ha der gelyk in damtafel by dien."
Bosma sjocht foar him dat in soad minsken komme sille foar in spultsje. Hy sit der klear foar.