Klimster (65) ferstoarn nei fal fan fiif meter yn klimhal yn Ljouwert, mooglik minsklike flater

In traumahelikopter by de klimhal yn Ljouwert © Kappers Media
De 65-jierrige frou dy't moandeitejûn ferstoarn is yn de klimhal Noardwand yn Ljouwert hat nei alle gedachten in fal fan fiif meter hichte makke. Harald Swen, wurdfierder fan de NKBV, neamt it in tragysk ûngelok nei alle gedachten feroarsake troch in minsklike flater.
"We weten dat het ging om een groep van drie ervaren klimmers, die jaren ervaring hadden", seit Swen. Hy is wurdfierder feiligens by de Koninklijke Nederlandse Klim- en Bergsport Vereniging (NKBV). De trije klimmers wiene allegearre lid fan de NKBV.

Fal fan fiif meter

"Op een gegeven moment, net na zes uur 's avonds, is één van hen van vijf meter hoogte op de grond gevallen", fertelt Swen.
Helptsjinsten by klimhal Noardwand © Kappers Media
Twa ambulânsen en in traumahelikopter wienen teplak om help te ferlienen. "Ondanks snelle hulpverlening door medewerkers van de klimhal en ambulancepersoneel is de klimster overleden", is te lêzen op de webside fan in grut netwurk fan klimsentra, dêr't Noardwand ek by oansletten is.
"De ter plekke aangetroffen situatie doet vermoeden dat de klimster niet correct verbonden is geweest met het klimtouw." De plysje slút in misdriuw út, mar kin fierder neat fertelle oer de oarsaak fan it ûngelok. It is it fjirde deadlike ûngelok yn de klimsport yn 30 jier yn ús lân.
De meiwurkers fan de Ljouwerter klimhal binne moandei opfongen troch slachtofferhelp. Tiisdei is der noch in gearkomste foar it personiel.