Resinsje Teater Snits: "It stik 'Fanny & Marius' fertsjinnet in reprize"

Henk te Biesebeek beskôget Fanny & Marius © Leo H.R. Veldhuizen
Hoewol't it 175ste jubileumjier noch twa jier op him wachtsje lit, kin Teater Snits no al in absolút hichtepunt oan syn karriêre taheakje. Regisseur Bruun Kuijt hat mei 'Fanny & Marius' in foarstelling op de planken set, wêryn't de spilers in prachtprestaasje leverje. In reprize soe op syn plak wêze!
Doe't Kuijt de foarstelling jierrenlyn spyljen seach troch it teäterselskip Suburbia yn Rotterdam, wie er fuortendaliks ferkocht. Dit stik fol emoasje mar ek mei humor, wie neffens him poer geskikt foar it Fryske publyk, sa hie syn ûnderfining as regisseur by Tryater him leard. Syn betingst dat de beëage spilersgroep dan wol it easke nivo wiermeitsje moat, wurdt troch Teater Snits wiermakke. Hoewol't it selskip bestiet út amateurspilers, wurdt op heech nivo spile. Sûnder útsûndering. In genot om nei te sjen.
Chris Marijt en Marius den Otter as heit en soan © Leo H.R. Veldhuizen
It ferhaal is al hast hûndert jier lyn optekene troch de Frânske toanielskriuwer en filmregisseur Marcel Pagnol, mar hat noch neat oan aktualiteit ferlern. Leafde is ommers fan alle tiden. Twa jonge minsken, dy't foarinoar bestimd lykje, mar inoar net krije kinne. Wat foar de ien in ideaal is, liket foar de oar krekt in byntliif. As it famke dan ek noch swier rekket en in wisse takomst siket yn in houlik mei in âldere man, is it ferhaal oer emoasje, twivel en opoffering folslein.
Leafdespear Chris Marijt en Mayra Hondema: ideaal of byntliif? © Leo H.R. Veldhuizen
En mei sokke lapen tekst ferjout it publyk de spilers graach as in inkele kear in wurd fergetten wurdt. En wurdt der hertlik lake as by in hapering de ynstekster net daliks ferstien wurdt. "Wat seit se?" freget bygelyks Mattie Silvius as se eefkes de tekst net mear wit. It seit foldwaande oer de krêft fan de aktrise dat se it publyk dan net kwytrekket, mar fierder wit mei te nimmen yn har ferhaal.

Werkenber

Wat dy tekst oanbelanget: grutte kompliminten foar Anneke Burgy, dy't de Nederlânske tekst oersette en 'hertaalde' yn it Frysk. It stik spilet ommers sa'n 90 jier lyn yn Marseille. Dêrtroch kin de taskôger in bytsje fuortdreame yn in wrâld dy't west hat. Mar mei troch de taal en de wurdkar, linich en mei humor, bliuwe de situaasjes foar eltsenien werkenber. Moai ek dat Marius den Otter dêrby net twongen is om krekt as syn meispilers geef Frysk te praten. As ymport-Fries set er no mei syn dialekt in tige oannimlike kastlein del.
de dea fan ûndernimmer Panisse: forsearre komysk © Leo H.R. Veldhuizen
In ekstra fermelding fertsjinnet ek it toanielbyld. Mei ienfâldige, mar doeltreffende eleminten en attributen wurdt fuortendaliks de sfear fan in kroech yn de haven fan Marseille oproppen. Om as dat winsklik is mei mar in pear hannelingen te feroarjen yn in wenkeamer, winkel of de haven sels. Moai ek hoe't it ljocht en lûd hjir treflik op ynspylje. Troch it skolperjend wetter en de fûgellûden op de eftergrûn, leaut de taskôger daliks dat de folchspot oer it dekôr hinne in fjoertoer ferbyldet.

Golddigger

In bytsje spitich fûn ik de stjersêne fan de earst sa selssuchtige seilmakker Honorè Panisse, moai spile troch Theo Jager. Hoewol't dizze man oan de ein ta trochgiet mei it meitsjen fan grappen, leare we him dizze lêste mominten ek kennen as in goedhertich persoan. In man dy't syn frou, yn hjoeddeiske taal eins dochs in bytsje in 'golddigger', úteinlik alle goeds fan de wrâld winsket. En mei syn lêste brief syn soan de takomst gunt dy't him takomt. Sa'n man fertsjinnet it dochs om ek respektfol syn lêste azem út te blazen, ynstee fan in plat-komyske akt oan de ein ta. Nei myn betinken krekt wat te forsearre en in bytsje goedkeap.
Theo Jager en Piet Wennings: drank as smardersguod © Leo H.R. Veldhuizen
Dat nimt net wei dat de hiele spylploech in hearlike toanieljûn delset. Somtiden mei grutte gebaren, om dêrnei as it moat wer moai lyts te meitsjen. Dat belooft wat foar de grutte jubileumrevu, dy't yn 2025 opfierd wurde sil. En dêr't it selskip no al drok foar yn 't spier is, sa liet de foarsitter witte.

Teäterproduksjes

Hooplik kin Teater Snits dan noch wol beskikke oer alle spilers. Want op dizze jûn waard ek bekend dat guon spilers plannen ha om as in selsstannich selskip mei eigen teäterproduksjes fierder te gean. Prachtich fansels as dêrfan ferlet is en it Fryske toaniellânskip dêrfoar de romte biedt. Mar it soe spitich wêze dat hjirmei de hjoeddeiske kwaliteit fan Teater Snits oantaast wurde soe. Fanny & Marius smakket nammentlik nei mear!