FIDEO: Eilanners fiere komst fan de maitiid mei maaiefjoeren

It is in echte eilanner tradysje: in grut fjoer om de komst fan de maitiid yn te lieden. Moandei wienen der op tal fan plakken op Skylge en Flylân fan sokke maaiefjoeren.
Op de fjoeren komme kloften minsken ôf. Dy sitte krekt sa lang om de fjoeren hinne oant se út binne. Dat alles mei marshmallows, woarst of in bierke derby.
Mei fjoer de maitiid ynliede, sa dogge se dat op Skylge