Frou ferstoarn by ynsidint yn Ljouwerter klimhal

De traumahelikopter by it gebou © Kappers Media
Der is moandeitejûn in frou ferstoarn yn de klimhal oan it Rengerspad yn Ljouwert. Wat der krekt bard is, is noch net dúdlik.
Twa ambulânsen en in traumahelikopter wienen teplak om help te ferlienen, mar se koenen de frou net mear helpe.
De plysje docht ûndersyk nei it ynsidint.
Yn it pân binne klimmuorren oant 20 meter oanwêzich. Op Facebook meldt it bedriuw dat it klimsintrum de rest fan de jûn sletten is yn ferbân mei it ûngelok.