Dartfans genietsje fan wrâldtop yn broeierich WTC Expo yn Ljouwert

Finalisten Dutch Darts Championship foar publyk snein © PDC Europe, Jonas Hunold
Tûzenen dartfans hawwe it ôfrûne wykein topdarters út de hiele wrâld oanskôgje kinnen yn it Ljouwerter WTC Expo. Fan freed oant en mei snein kamen mannen as Michael van Gerwen, Michael Smith, Peter Wright en Danny Noppert yn aksje op it poadium.
De finale waard sneintejûn krekt nei healwei alven 'ôftrape'. Dave Chisnall en Luke Humphries moasten úteinliks útmeitsje wa't de winner wurde soe fan it Dutch Darts Championship. De winner gie mei sa'n 35.000 euro nei hûs.
Chisnall pakte úteinlik de priis, nei't er Humphries mei 8-5 fan it boerd smiet. It wie de fiifde kear dat Chisnall in saneamde European Tour wûn, mar de alderearste kear dat hy in toernoai fan dizze grutte yn Nederlân op syn namme skreau.
Weromblik: Tûzenen besikers by dartende wrâldtop yn Ljouwert
In soad fans hopen op in Nederlânske finale tusken Danny Noppert fan De Jouwer en Michael van Gerwen út Brabân, mar dat mocht net sa wêze. Noppert fleach der yn de kwartfinales út tsjin Humphries (5-6). Van Gerwen moast it yn de heale finale ôflizze tsjin de úteinlike winner Chisnall (6-7).
Beide Nederlanners hiene noch wol kâns om de wedstriid yn harren foardiel te beslissen, mar Noppert miste ien matchdart op tops (dûbeld 20). Van Gerwen miste trije pylken op dûbeld 6 foar syn wedstriid.

Ien grut feest: "Mag de kachel uit?"

Mei goed 1.000 besikers op sneontemiddei, 4.000 op sneontejûn, 1.200 op sneintemiddei en 2.700 op sneintejûn, wie it dampich yn de hallen fan it WTC. Foaral op sneintemiddei en -jûn, doe't de sinne har wurk dien hie op it platte dak fan de hal, wie it broeierich waarm.
© Martin de Jong Fotografie
Op de 180-kaartsjes dy't supporters yn de loft holden, fregen ferskate leafhawwers oft de kachel út mocht, of de airco oan. De darters sels hiene der net in hiel soad lêst fan, op basis fan de skoares fan de wedstriden.

Foar it earst yn Ljouwert

De European Tour, besteande út trettjin toernoaien yn seis lannen, die foar it earst sûnt it bestean Ljouwert oan. It wie dêrneist it earste dartstoernoai fan dizze grutte sûnt 2007 yn Fryslân.
Oft de Europeeske tak fan de PDC takom jier weromkomt yn Ljouwert, is noch net wis, mar der is neffens de organisaasje 'in goeie mooglikheid'.