Baggerjen fan kanaal yn Ljouwert dreger as tocht troch kabels yn it wetter

It baggerwurk © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It baggerjen fan it Nieuwe Kanaal yn Ljouwert giet dreger as ferwachte. Dat hat neffens de oannimmer te krijen mei in oantal net yn kaart brochte elektrisiteitskabels dy't yn it yn it wetter lizze.
Parten fan it kanaal kinne dêrtroch sels hielendal net baggere wurde. It Nieuwe Kanaal leit oan de Emmakade, tusken it suvelfabryk fan FrieslandCampina en de Blokhúspoarte. It wetter moat wer op in djipte fan 2,30 meter brocht wurde. De lêste kear dat der op dat plak baggere waard, wie foar 1964.
It baggerjen fan it kanaal giet dreger as tocht
Yn it foar is troch oannimmer Jelle Bijlsma yn kaart brocht hokker elektrisiteitskabels troch it kanaal lizze, mar dêr wie in soad ûndúdlikheid oer. "De lokaasjes witte wy wol, mar net hoe djip se lizze", seit projektlieder Sipke Koopmans.
Dy kabels binne der nei alle gedachten nei de Twadde Wrâldoarloch yn kaam. "Dêrtroch is net hielendal dúdlik hoe djip se sitte."
Drok oan it baggerjen © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
By it oannimmen fan de put waarden troch de gemeente gegevens oanlevere oer wat der allegearre leit, mar in soad ynformaasje ûntbruts. "Wy hawwe wiken dwaande west mei de tarieding en om yn byld te bringen wêr't de kabels krekt lizze."
Netbehearder Liander hie oer in oantal kabels gjin ynformaasje. "Je geane der wol fan út dat bekend is wêr wat leit, mar dat is dus net sa," seit Koopmans.

Gjin plan fan oanpak

Wurdfierder Marloes Hulstijn fan Liander lit witte dat it eins de taak fan de gemeente is. "De gemeente is verplicht om die kabels goed in beeld te brengen. De opdrachtgever is verplicht om fysiek onderzoek te doen. Het kan namelijk zo zijn dat kabels in de loop van jaren wat verschoven zijn."
Op basis fan it ûndersyk moat de gemeente in plan fan oanpak oanleverje, mar dat is yn dit gefal net bard. "Wij missen de juiste cruciale informatie om groen te licht te geven om binnen vijf meter van de kabels werkzaamheden uit te voeren."
Guod dat nei boppen komt by it baggerjen © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Benammen by de Twadde Kanaalsbrêge lizze in soad elektrisiteitskabels. Dêr kin de oannimmer dan ek net goed baggerje. Dy sil besykje op dat plak op in oare wize it slyk fuort te krijen.
Koopmans pleitet derfoar dat netbehearders better yn kaart bringe hoe djip kabels lizze. "As wy sa'n kabel reitsje, binne wy oanspraaklik. Dan sit de hiele stêd sûnder stroom."
De wurksumheden rinne gjin fertraging op troch de ûndúdlikheden mei de kabels, ein juny moat de baggerput klear wêze.