Maarten de Jong yrritearre oer bekerfinale: "Met mij had Tadic in vak vier gehangen"

Alve giele kaarten; nea earder waarden der safolle kaarten útdield yn in bekerfinale. De fuotbalwrâld sprekt skande fan it gedrach fan de Ajax- en PSV-spilers en dy frustraasje dielt ek âld-fuotballer Maarten de Jong yn de Sportcast.
De Jong mei himsels 'Mister Hearrenfean' neame, trochdat er fan 1984 oant en mei 1995 by de klup spile. Yn dy tiid krige er ek in oare bynamme. Dy fan 'kûtebiter'. De Jong stie bekend om syn bytiden hurde spul.
"Stelletje kleine kinderen"
Yn de bekerfinale wie it fuotbal net iens sa hurd, mar foel op dat de Amsterdamske en Eindhovenske spilers in soad teäter makken. "Het was zo super irritant hoe spelers met elkaar omgingen en hoe ze daar rondliepen. Het waren een stelletje kleine kinderen, die gratis kinderopvang hadden moeten hebben", seit de 61-jierrige âld-middenfjilder.
"Een tikje hier, een tikje daar en ze rollen 44 keer door. Wat een flauwekul", fynt De Jong, dy't him yrritearre oan Ajacied Dusan Tadic. "Hij kan fantastisch voetballen, maar gaat zulke dingen uitlokken. Dat kan gewoon niet. Met mij had Tadic in vak vier gehangen", ferwiist de berne Arnhemmer nei syn eigen bynamme as kûtebiter.
De kommende wiken sil dúdlik wurde oft Hearrenfean it neigesetsje fan it seizoen hellet; de play-offs om Europeesk fuotbal. De Jong tinkt fan net. "Ik vind ze heel wisselvallig. Ik mis strijd en voetbalgogme. En het grootste probleem is dat ze het spel niet kunnen maken."
Ien fan de problemen neffens De Jong is dat de backs te djip steane. En dat se yn de romte foar harren komme moatte yn stee fan der al stean.
Ik had verwacht dat hij meer uit het team zou halen.
Boppedat fynt er dat it middenfjild net goed stiet. "Je speelt eigenlijk maar met één middenvelder. Thom Haye speelt heel vaak in de achterste lijn en Pelle van Amersfoort speelt naast Sydney van Hooijdonk. Dan is Anas Tahiri de enige middenvelder en dan kun je nooit voetballen."
De lêste wiken komt der mear krityk oan it adres fan trainer Kees van Wonderen. Dat begrypt De Jong wol. "Ik had verwacht dat hij meer uit het team zou halen. Als je kijkt naar wat hij met minder middelen bij Go Ahead Eagles deed, dat brengt hij hier niet."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.