Kanadeeske befrijer Jim Parks dit jier sûnder syn maat Art Boon by betinking yn Fryslân

Jim Parks en boargemaster Johannes Kramer © Canadian Liberators
De Kanadeeske feteraan Jim Parks en de neibesteanden fan Art Boon binne wer yn Fryslân. Parks en Boon wienen yn 1945 belutsen by de befrijding fan Fryslân.
Boon soe dit jier ek wer nei Fryslân komme, mar hy is oardel moanne lyn stoarn. Hy wie 98 jier, krekt like âld as Parks.
De famyljes Parks en Boon binne sneon oankaam op Schiphol. Snein wienen se earst yn Bergen op Zoom foar in krânslizzing op it Kanadeeske begraafplak. Dêrnei binne se nei Dokkum ta gien, dêr't boargemaster Johannes Kramer se ûntfongen hat.
De kommende dagen binne de famyljes by de Deadebetinking yn Ljouwert en by befrijdingsfeesten yn Frjentsjer en Dokkum. Se bliuwe oant 7 maaie yn Fryslân.