De hiele famylje Pais holp yn de fruithannel, ien foar ien waarden se fermoarde

Stroffelstiennen Harns: it ferhaal fan de famylje Pais fan Kleine Bredeplaats 16 en 18
De Holocaust liet ek djippe spoaren nei yn de Joadske mienskip fan Harns. Oant 4 maaie giet Omrop Fryslân by de 16 adressen del dêr't stroffelstiennen lizze. Hjoed it ferhaal fan de bruorren en susters Pais fan de Kleine Bredeplaats.
De famylje Pais is om de iuwwiksel hinne in promininte famylje yn de Harnzer mienskip. Under har ek Joseph Pais, dy't leafst tsien bern krijt.
Joseph is in echte hanneler. Foar it hûs stiet in toanbank op 'e stoepe mei tontsjes komkommers, augurken, sipels, nuten, sinesapels, parren en apels.

In echt famyljebedriuw

Mei syn soannen Salomon ('Ampie') en Abraham sutelet er allerhanne iten út yn kuorren. As heit Joseph yn 1921 stjert, geane de bern Abraham, Esther, Levie en Salomon Pais troch mei de saak fan heit oan de Bredeplaats.
De bruorren - lyts, donker en temperamintfol - binne altyd oan it bekfjochtsjen, mar op in noflike wize. Alle dagen kuierje sy der mei hûnekarren op út om guod te ferkeapjen. Eltse broer hat in eigen wyk yn Harns.
De jongste sus, Dina, helpt mei har twa dochters ek mei. Sy fytse guod nei de winkel en soargje foar foarried. Broer Levie sit earst yn de winkel fan heit, mar wurket letter yn in oare saak oan de Heiligeweg.
Salomon Pais is ien fan de grûnlizzers fan it ferneamde Lanenkeatsen: yn de begjinjierren wurdt der keatst om nuten en kokosnuten fan de famylje Pais.
Salomon is ek ien fan de acht Joadske manlju dy't yn 1942 nei in wurkkamp moat en fia Westerbork yn Auschwitz bedarret. Dêr wurdt er yn septimber fermoarde.
Abraham, Esther en Levie Pais wurde op 12 novimber 1942 fan hûs helle en op transport nei Westerbork set. Twa wiken letter komme ek sy yn Auschwitz om it libben, nei't in pear dagen dêrfoar sus Dina dêr ek al fermoarde wie.
Oer hiel Europa lizze yntusken mear as 90.000 'stroffelstiennen', wêrop't de gegevens steane fan Joadske bewenners fan in adres yn de oarloch. Harns krige der 45, op inisjatyf fan feriening Oud Harlingen en it Centraal Comité 1945. Fan 17 april oant 4 maaie alle dagen in ferhaal, mei tank oan Oud Harlingen. Op telefyzje is eltse dei in ôflevering te sjen, nei Fryslân hjoed.