Pakesizzers nazikommandant meitsje ekskuzen foar syn misdieden: "We wolle net fuortsjen"

De sechstjin slachtoffers fan de moardpartij troch de Dútsers © Omrop Fryslân
In olivetûke as teken fan fersoening. Dat krige Martje Mechels mei fan de tsjerkemienskip Frieschepalen-Siegerswoude. Mechels wie dêr om yn in saneamde fersoeningstsjinst ekskuzen te meitsjen foar de misdieden fan har pake yn de Twadde Wrâldoarloch.
Op 3 maaie 1943 waarden sechstjin mannen dy't lid wienen fan de grifformearde tsjerke fan Fryske Peallen fermoarde by it Grinslanner Trimunt. Dat waard dien yn opdracht fan Sicherheitsdienstmajoar Johann Mechels.
Alle jierren wurdt der yn de tsjerke by stilstean. De nammen fan de sechstjin wurde dan foarlêzen. No stie dêr de pakesizzer fan Mechels, Martje. Mei út namme fan har broer en sus makke sy ekskuzen.
Martje Mechels en Euwe de Jong © Omrop Fryslân
"Er ligt wel een soort deken overheen", seit Euwe de Jong. Syn pake is ien fan de sechstjin slachtoffers. No hat De Jong in dûbeldrol: hy bespilet it oargel en is ien fan de sprekkers. "Het is een heel bijzondere ervaring. Vooral vind ik het zeer bijzonder en moedig dat Martje Mechels hier aanwezig is."
Foar De Jong is de fersoeningstsjinst gjin ôfsluting: "Nee, het is een nieuw begin. Het begin van een gesprek."
De neibesteanden fine it tige moedich dat Martje Mechels by de tsjinst is
Dat petear wol Martje Mechels hiel graach oangean: "Wy wolle net fuortsjen. Myn pake die dat wol en myn heit ek. Wy, myn broer, sus en ik, wolle witte wat der bard is. De minsken hjir yn de eagen sjen en mei-inoar prate. It is ien stap om ekskuzen oan te bieden en ien om hjir mei-inoar te stean en te sizzen: ja, der is in soad pine en lijen."
Op 3 maaie 1943 waarden sechstjin mannen oan de Haarsterdyk tusken Sigerswâld en Marum oppakt. De âldste wie 60 jier, de jongste 13. Op befel fan Sicherheitsdienstkommandant Johann Mechels waarden se deasketten. It wie in reaksje op beamstammen dy't op de dyk leinen. Nei alle gedachten om molkauto's te hinderjen yn ferbân mei de molkestaking fan 1943.
Yn de preek stiet dûmny Geert Bruinsma stil by it lijen: "Wat hier gebeurd is, heeft diepe sporen nagelaten in de gezinnen, in de dorpen en hier in de kerk. Het was een daad van waanzin."
Dat is ek de reden dat hy Martje in olivetûke oerlanget: "De Heare God hat nei de sûndfloed mei Noach in nij begjin makke doe't hy it finster iepen sette. Ik tink dat dat hjoed ek bard is, dat der in finster iepen gien is. De tûke is in wrâldwiid teken fan fersoening."

Net ferantwurdlik

Martje Mechels is djip ûnder de yndruk. "Om hjir yn de tsjerke te stean dêr't de manlju wei komme... Foar my wie it hiel goed om mei de famyljeleden te praten. Ek om de olivetûke te krijen as teken fan ferjouwing."
Se wit dat se net ferantwurdlik is foar de misdieden fan har pake. Dochs fielt se grutte ferantwurdlikens, benammen omdat de famylje gjin idee hat hoefolle slachtoffers oft er echt makke hat. "Ik fiel de skamte. Ek de ferantwurdlikens oer hoe't we no freedsum libje kinne. It wie in betinkingstsjinst, mar ek in tsjinst wêryn't wy bidden ha foar frede. Beide is hiel wichtich foar my."
Martje Mechels en har dochter sprekke ekskuzen út yn de tsjerke © Omrop Fryslân
Euwe de Jong hat de ôfrûne tiid in soad kontakt hân mei de famylje Mechels. Syn heit Foppe, dy't earder dit jier stoarn is, hat Martje ek moete, op it plak fan de eksekúsje yn Trimunt. Dat waard in hertlike moeting, wêryn't Foppe de Jong ek út wie op fersoening.
De ôfrûne tiid ha Euwe en Martje mei-inoar oparbeide nei it momint fan de fersoening. "Omdat je alles weet, denk je het onder controle te hebben", seit Euwe. "Maar op het moment dat de woorden worden uitgesproken, komen ze echt binnen. Echt binnen."