Frou ferwûne rekke by in wenningbrân yn Deinum

By in brân oan de Spoorstrjitte yn Deinum is in frou ferwûne rekke. De persoan hat reek ynazeme en moast troch ambulânsepersoniel behannele wurde.
De brân wie by in hûs. De brânwacht hie it fjoer frij rap ûnder kontrôle, mar it hûs rekke wol skansearre. Der binne ek in heechwurker en in traumahelikopter op it plak kaam.
De brânwacht krige om 13.15 oere hinne in melding en skaalde frij fluch op ta in middelbrân, wêrby't meardere brânwachtweinen útriden binne.