Spitse hat titel samar foar it gripen mei Ajax: "Druk is alleen maar mooi"

Sherida Spitse fiert de goal fan Tiny Hoekstra © Orange Pictures
In goal fan Tiny Hoekstra fan Rinsumageast dompele har âld-ploechgenoate Fenna Kalma yn rou. Hoekstra makke de iennige goal yn de topper Ajax-Twente (1-0), wêrtroch't dy earste ploech takom wike de titel foar it gripen hat.
FC Twente hie foarôfgeand oan it duel twa punten foarsprong. By winst hie de ploech út Enschede de titel pakt yn de earedivyzje foar froulju. Mar de ploech ferlear dus fan Ajax, wêrtroch't dy no boppe-oan stiet.
Der stienen trije Friezinnen oan de ôftraap. Njonken Hoekstra en Kalma, dy't in pear jier lyn noch ploechgenoaten wienen by Hearrenfean, wie dat Ajax-oanfierster Sherida Spitse. Dy wie fansels út de skroeven nei de oerwinning.
Sherida Spitse fan Ajax oer it duel mei FC Twente
"Er kwam veel ontlading los. Dat is logisch, want we pakt de koppositie weer over. Maar tegelijkertijd blijf ik rustig, omdat we volgende week nog een wedstrijd hebben. Dus de focus moet nu daar wel weer op."
Ajax hat it no yn eigen hân. Oare wike winne by PEC Zwolle en de titel is binnen. Mar de druk stie derop, want by ferlies wie de titelstriid foarby. "De afgelopen weken hebben we alle kansen met beide handen aangegrepen. Iedere week was een finale. Dat was deze ook weer en volgende week is het er ook weer eentje. Er zit zeker druk bij, maar dat is alleen maar mooi."
Tiny hoekstra, dy't de winnende goal makke © Orange Pictures
Hoekstra makke yn de earste helte de 1-0 foar Ajax. Twente hie oan in lykspul genôch hân om de kopposysje te behâlden en wie dêr ek in pear kear tichtby, bygelyks mei twa kear in bal op 'e latte yn de twadde helte.
Spitse en har ploechgenoaten hienen it even dreech dus. "Ze zetten ons voetballend onder druk en ze drongen ons terug. Maar uiteindelijk kwamen we daar goed uit. Toen kregen we zelfs nog een paar mogelijkheden op de 2-0. Als die valt, dan is het klaar. Maar ik denk dat we het al met al goed hebben gedaan met z'n allen."

Kalma: "We hebben goed gespeeld"

Fenna Kalma fan Haskerhoarne is mei 29 doelpunten de topskoarster fan de earedivyzje, mar yn de wichtichste wedstriid fan it seizoen kaam se net ta skoaren. Troch dizze nederlaach moat FC Twente sels op de lêste spyldei winne fan Feyenoord en hoopje dat Ajax punten ferspilet tsjin Zwolle.
Fenna Kalma fan FC Twente ferlear, mar hâldt ek hoop
De druk like in bytsje te heech foar Twente, jout ek Kalma ta. "Ik denk dat het helemaal niet raar is als je zo'n wedstrijd tegen Ajax speelt en dat er dan wat zenuwen meespelen. Maar uiteindelijk moet je daar bovenop komen en ik denk dat we dat ook heel goed hebben gedaan. We hebben uiteindelijk een goede wedstrijd gespeeld."
De teloarstelling wie grut by Fenna Kalma © Orange Pictures
Want ek al stie der nei 90 minuten 1-0 op it skoareboerd, Kalma fynt net dat Twente minder wie as Ajax. "We hebben genoeg kansen gehad, maar hij viel er uiteindelijk niet in. Dat is zonde en ik had het graag anders gezien. Het is niet gebeurd, dus we moeten door. We hebben nog één wedstrijd te gaan in de competitie en we zullen er alles aan doen om die winnend af te sluiten."

Lytse kâns op it kampioenskip

It wurdt foar Fenna Kalma en har team no wol hiel dreech om noch kampioen te wurden. "Ik denk dat we moeten kijken naar Feyenoord en die wedstrijd moeten proberen te winnen. We hoeven alleen maar naar onszelf te kijken. Als wij winnen is het aan Ajax om het te laten zien. We hebben het niet meer in eigen hand, want dat hebben we vandaag verspeeld. Dus we moeten eerst zelf maar eens winnen, voordat wij naar Ajax kunnen gaan kijken."