Waarfotograaf Sytse Schoustra (1951-2023) ferstoarn: "De laatste foto is geschoten"

Waar- en natuerfotograaf Sytse Schoustra (1951-2023) © Omrop Fryslân
De bekende waar- en natuerfotograaf Sytse Schoustra fan Skylge is op 71-jierrige leeftiid ferstoarn. Schoustra hie in agressive foarm fan de senuw- en spiersykte ALS.
Schoustra is bekend fan syn waarfoto's en foto's fan bysûndere natuerferskynsels. De foto's fan Schoustra wiene al tsientallen jierren te sjen op de lanlike telefyzje by bygelyks RTL en de NOS yn it sjoernaal.
Mar ek op sosjale media wie Schoustra tige aktyf mei it dielen fan syn plaatsjes: sa kaam der alle dagen in waarfoto op Twitter. Ek neist it fotografearjen wie Schoustra in tige aktyf man op Skylge. Hy wurke yn it ferline yn de seefeart en de hoareka, mar betsjutte ek in soad foar eveneminten op it eilân, lykas Oerol.
In wynhoas by Skylge, yn 2011 op de foto set troch Schoustra © ANP
Yn febrewaris krige Schoustra de diagnoaze ALS. Hy wie tige iepen oer syn sykte en dielde dit ek mei de minsken dy't him folgen. "Wereld staat even op zijn kop nu", sa liet er witte. "Ga zolang mogelijk door met weerfoto's en zie wel waar 't schip strandt."
Schoustra waard yn 1951 berne yn Wurdum. Yn 1973 begûn de hy mei fotografearjen. Syn earste foto wie dy fan it Noarderljocht. Yn 2018 makke hy syn favorite foto op Skylge. Op earste krystdei wiene der pearelmoerwolken te sjen, allinnich op it eilân.
Pearelmoerwolken, yn 2018 fotografearre troch Schoustra © Sytse Schoustra
In dream wie om it poalljocht nochris op de foto te setten, sa liet er ferskate media witte. Mar dat mocht net mear sa wêze. Syn sûnens gie hurd achterút yn de ôfrûne wiken: it praten waard minder, it slokken woe net mear en hy ferlear gewicht.
De flagge healstôk op Skylge © Lennard Geerts
Ferline wike pleatste hy syn lêste waarfoto. "Ben amper in staat om de camera nog vast te houden", sa sei er. "Mijn lichaam gaat het steeds meer opgeven", liet Schoustra op sosjale media witte.
Fia syn accounts hawwe syn neibesteanden witte litten dat Schoustra sneon ferstoarn is. "De laatste foto is geschoten."