Erik Dijkstra beskreau de molkestaking (1943) en it lot fan twa Blauhúster bruorren

Leafst 500.000 minsken fan it plattelân kamen yn 1943 yn ferset tsjin de Dútske besetter. It wie de 'april-meistaking', yn Fryslân bekend as de 'molkestakingen.' De Rânestêd die net mei, miskien bleau de aksje dêrom ûnderbeljochte.
As presintator, sjoernalist en programmamakker Erik Dijkstra oer de stakingen lêst, is er fernuvere dat er der noch nea earder fan hearde. Wylst de staking nota bene yn syn eigen regio begûn wie: Twente.
Dijkstra docht ûndersyk en ûntdekt dat de maaiestaking in kearpunt wie yn de Dútske besetting. Oant dy tiid wie de oarloch op it plattelân net hiel driigjend oanwêzich. Mar dat feroare nei maaie 1943.
It ferhaal fan bruorren De Witte fan Blauhús rekke programmamakker Erik Dijkstra
Twahûndert minsken kamen om as gefolch fan de stakingen. Se waarden deasketten of op in oare wize fermoarde. Hûnderten minsken binne nei strafkampen ôffierd, omdat de besetter hurd weromsloech.
It wie no ek yn 'de regio' dúdlik dat de Dútsers it net goed foar hiene mei Nederlân. Nei de maaiestakingen kaam it ûndergrûnske ferset op gong. Fryslân waard in taflechtsoard foar ûnderdûkers en hongerlijers.

Yn dy earste wike fan maaie 1943 wie de Dútske terreur tige wreed: stakers koene deasketten wurde. Wa't molke fuortrinne liet yn 'e sleat, wie syn libben net mear seker. Opfallend wie de eigenwille: de ien waard samar deasketten, de oar waard oppakt en wer frijlitten.
Hanns Albin Rauter, de heechste SS- und Polizeiführer yn Nederlân, moast syn hantekening sette ûnder de deafûnissen. Hy sei dêroer: "Es (kommt) nicht so sehr darauf an (...), dass der rechte Mann niedergeschossen wird (...). Es kommt vielmehr darauf an, dass im rechten Augenblick Tote fallen."
Mei oare wurden: it gie derom dat der deaden foelen. Wa't dat wiene, makke net folle út. Op 3 maaie wie de staking foarby.

De neibesteanden fan in slachtoffer krigen wol berjocht dat harren soan of man dea wie. Der stie net by wêr't it lichem begroeven lei. Dat soarge foar betizing en wanhoop, want om in fermiste kinst net rouwe. De hoop dat ien dochs noch thúskomt, bliuwt altyd.
Erik Dijkstra hat in soad hân oan it ûndersyk dat Truus de Witte fan Blauhús dien hat nei de fermissing fan har omke Broer de Witte.

Broer de Witte wie ien fan de goed tweintich Fryske slachtoffers. Mei syn broer Wiebe - de heit fan Truus - lege er molkbussen yn Aldegea en songen se it Wilhelmus. De jonges wiene 19 en 17 jier en seagen gjin gefaar, want in soad minsken diene mei oan dy wize fan ferset tsjin de ûnderdrukking.
Mar de oare deis waarden se ophelle troch de Dútsers. Broer waard deasketten, wylst Wiebe frijlitten waard.

Yn de brief dy't de famylje krige dêr't yn stie dat Broer deasketten wie, waard syn namme ferkeard skreaun. Der stie Broer 'de Witt' yn stee fan 'de Witte'. En de bertedatum doogde ek net. Dat makke dat de famylje grutte hoop hie dat Broer dochs net dea wie. Miskien wie er wol nei it eastfront stjoerd.
Der stie altyd in ekstra itensboerd op 'e tafel.
"De achterdoar fan de pleats yn Blauhús gie net mear op slot, want Broer moast der al yn kinne as er weromkaam", fertelt Truus de Witte. En sa waard ek altyd in ekstra itensboerd op tafel set. Hiel lang hold de famylje hoop dat Broer weromkomme soe.
Wiebe waard frijlitten, mar letter wer oppakt en nei de finzenis yn Scheveningen brocht. De Dútsers woene nammen fan him hawwe, mar hy hold de mûle stiif ticht.
Hy sei hieltyd dat er der neat fan wist, omdat er net omgie mei roomsken. Dat wie net wier, want it ferskil yn religy spile yn dy oarlochsjierren net. Mar it wie in ferklearring en úteinlik lieten de Dútsers him wer frij.

De oarloch hat dêrnei in grutte rol spile yn it libben fan Wiebe de Witte. Der koe net oer praat wurde. "Wy wisten as bern wol dat der wat wie, want dy antenne hiene wy wol", seit syn dochter Truus de Witte. "Mar wy wisten ek hiel goed dat wy der net nei freegje koene."
Wiebe de Witte is op 49-jierrige leeftiid ferstoarn. Truus wie doe 18 jier en hearde op de begraffenis de dûmny it ferhaal fan dy earste wike yn maaie 1943 fertellen.
Truus wie fernuvere, want dat ferhaal hiene sy as bern noch nea heard. Har mem hie sein dat Wiebe yn harren ferkearingstiid dit hiele ferhaal ris yn in brief beskreaun hat en dat sy doe tasein hie der nea wer oer te praten.

Tweintich jier nei de dea fan har heit beslút Truus om út te sykjen wêr't har omke Broer begroeven is. Se dûkt yn de argiven, fynt puzelstikje nei puzelstikje en ûntdekt dat Broer ferwiksele is mei in oar slachtoffer. Broer leit yn in massagrêf yn it Grinslanner Appèlbergen, dêr't noch folle mear slachtoffers fan de molkestaking begroeven binne.
"Het verhaal van die twee broers, jonge jongens die ontdekten dat er even verderop iets aan de hand was en vol bravoure mee gingen doen, greep me verschrikkelijk aan", seit Erik Dijkstra. "Dit verhaal maakte dat wij tegen elkaar zeiden: hier moeten we iets mee doen. Hier moeten we een televisieserie over maken, hier moet een boek van komen." En sa barde it ek.