Natascha Ausma judowet wer nei drege perioade: "Ik hie nergens mear wille yn"

Natascha Ausma hie oan de begjin fan dit jier it lef om in beslút te nimmen dat net folle oare topsporters nimme soene. De judoka naam in moanne ôfstân fan har sport en dat wylst de kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen yn folle gong is.
"Foar in oar hie it net handich west, mar foar my wie it de bêste kar", fertelt Ausma no, trije moannen neidat se it judojen efkes op in leech pitsje sette. Fjouwer wiken hat se net dwaande west mei dat wat se gewoanwei sa moai fynt.
Foar de oarsprong fan it beslút moatte we werom nei in heal jier lyn. Yn oktober 2022 makke se har debút op it wrâldkampioenskip judo. "Doe twivele ik al oft ik troch woe", fertelt de 26-jierrige judoka fan Lippenhuzen.
"Uteinlik bin ik wol troch gien en ik hie ek net echt tiid derby stil te stean. De toernoaien dêrnei giene ek gewoan noch hiel goed", seit Ausma oer de Grand Slams yn novimber en desimber, wêrop't se sulver en brûns pakte.
Ik ha fjouwer wiken net op Papendal west en ik haw neat oan judo dien.
Yn jannewaris hakke Ausma de knoop wol troch. "Nei it trainingskamp tocht ik: no is it wol even genôch. Ik hie amper wille yn wat ik die en ek net in soad yn oare dingen. Ik hie nergens mear wille yn. Dat wie wol it teken om in stap werom te dwaan", realisearret Ausma.
It beslút hat har efterôf goed dien. "Ik ha fjouwer wiken net op Papendal (it trainingssintrum fan de Nederlânske ploech, red.) west en ik haw neat oan judo dien. Dat hat in hiel goeie beslissing west. Ik bin wer opladen en ha goed neitinke kinnen wat ik woe. Ik koe efkes op de 'pauzeknop' drukke."

Gebrûklik is it fansels net om in skoftsje op te hâlden, wylst je je tariede moatte op grutte toernoaien. Dêrfan is Ausma har ek wol bewust. "Sitst yn in trein en dy rydt mar troch. Der is altyd in folgjend momint. Mar ik moast efkes út dy trein stappe, ta mysels komme en neitinke wat ik wol."
De fjouwer wiken wêryn't se net op Papendal kaam, hat se oars ynfolle. "Ik ha hiel leuke dingen dien wêrfoar't ik noait tiid hie."
Ausma judowe yn dy wiken net, mar se die wol krêfttraining. "It is in hiel ferskil mei datst alle dagen traine moast. Ynienen koe ik sels bepale wannear't ik nocht hie. As ik nocht hie, gie ik. En as ik gjin nocht hie, bleau ik thús."
Gjin ideale tarieding op it WK
Nei it tydlike skoft is se wer begûn en no wurket se ta nei it wrâldkampioenskip, dat folgjende wike úteinset yn Katar. Mar neist de mentale swierrichheden binne der ek fysike problemen.
"De oanrin is wat rommelich", jout de Lippenhúster ta. Ausma wrakselet al skoften mei in rêchblessuere. "It leit foaral oan de spieren en de gearwurking derfan. De stân fan myn bekken giet dan skeef en dan rint it allegear net goed mear."
De konsekwinsje is dat it somtiden in bytsje behelpen is. "Ik ha net folle judotraining, want dat is pynlik. In ideale tarieding is it net."

It WK oerslaan is lykwols gjin opsje foar Ausma. It is nammentlik in wichtich toernoai om punten te sammeljen. Punten dy't nedich binne foar it heljen fan de Olympyske Spelen. "Hast wol in kar om net te gean, mar dan snijst dysels yn de fingers. Dus it is gewoan gean", seit Ausma.
It kwalifikaasjetrajekt foar de Spelen sit op de helte. Nederlân mei yn in gewichtskategory ien judoka stjoere. It betsjut dat Ausma yn har gewicht, ûnder de 78 kilogram, ôfrekkenje moat mei Guusje Steenhuis.
De Friezinne moat yn de efterfolging, want se stiet in lytse twahûndert punten efter op Steenhuis. Mar dat is te dwaan, tinkt se.
Noch in Fries op it WK
It wrâldkampioenskip judo begjint op snein 7 maaie yn Doha, de haadstêd fan Katar. Der is noch in Fries dy't yn aksje komt op it WK: Tornike Tsjakadoea judowet fuortendaliks op de earste dei. Hy komt út yn de gewichtskategory ûnder de 60 kilogram. In medalje behelje liket dreech: hy stiet 25ste op de wrâldranglist.
Sanne Vermeer ûntbrekt op it WK. Se rekke foarich jier blessearre oan har knibbel en is net op tiid opknapt.
Plannen meitsje foar de langere termyn docht Ausma net. "Ik ha tsjin mysels sein dat ik nei it WK en de eventuele Olympyske Spelen wol sjoch hoe't it fierder giet. Ik wol yn elts gefal myn oplieding genêskunde ôfmeitsje en dan sjoch ik dêrnei wol oft ik fierder wol mei judo of dat it klear is."