Man dy't noch 4,5 jier finzen sitte moat dûkt op by kroechrûzje yn Ljouwert

De plysje fan Ljouwert hat nei spul by in kroech oan it Ruterskertier in 42-jierrige man oanholden. By kontrôle die bliken dat de persoan noch in finzenisstraf fan goed 4,5 jier iepenstean hie.
De melding fan de rûzje kaam om 01.30 oere hinne. Yn de kroech hat de plysje de rûzjemakkers útinoar helle en se de saak út stjoerd. Dêrby hat de plysje ek de identiteit fêststeld fan de persoanen.
Ien fan de twa manlju wie in 42-jierrige man sûnder in fêst wen- of ferbliuwplak. Hy hie noch leafst 1.670 dagen oan finzenisstraf dy't er útsitte moast. De plysje hat him ynsletten. "De persoon is de komende jaren verzekerd van wél een vaste woon en verblijfplaats", sa ferklearret de plysje.