Bloeiende tulpefjilden soargje foar kleurepracht by Harns
De tulpefjilden steane yn bloei en dat is út de loft wei goed te sjen. De greiden by Harns en oan de Fryske kust binne fleurich kleurd mei de kleurepracht fan de tulpen.
Benammen sneon mei it moaie waar wiene in soad minsken efkes te sjen, makken foto's of setten harsels op de foto mei de tulpefjilden op de eftergrûn.