Smoardrok yn Noardburgum by it Iepen Frysk Kampioenskip BMX

© Omrop Fryslân
Ut it hiele lân komme saterdei fytscrossers nei Noardburgum, 350 oant 400 dielnimmers besykje de titel Frysk Kampioen binnen te slepen en harren sa te kwalifisearjen foar it Nederlânsk Kampioenskip. Fan begjinners oant fierdere wedstriidriders dogge mei. Takom jier sil it Nederlânsk Kampioenskip yn Noardburgum riden wurde.
Dat is neffens de iennige fytscrossclub yn Fryslân, F.C.C De Heideclub, in primeur. Noch nea earder wie it NK fytscross yn Fryslân. Saterdei is it yn elts gefal al smoardrok by de baan del. It moaie waar lûkt in soad taskôgers.
It Iepen Frysk Kampioenskip BMX yn Noardburgum
Foar de sport is krêft, technyk en benammen lef nedich. "Der binne maksimaal acht tagelyk yn de baan. Foaral yn it earste bochtsje is dat knipe, dêr komme se tagelyk trochhinne. Dan is it de wet fan de sterkste en de fluchste, wa't der mei de measte lef trochhinne doart. It is moai om te sjen, it jout in soad aksje", seit Johan Timmermans fan de organisaasje.

In soad kilometers ride

Om't it Frysk Kampioenskip iepen is, kin eltsenien meidwaan. Om kâns te meitsjen op in plak yn it NK moat in fytscrosser yn alle gefallen fiif fan dit soarte provinsjale races riden hawwe. "Yn it suden is de sport wat populêrder, dêr binne ek mear banen. Foar Friezen hâldt dat wol wat yn, want foar fiif wedstriden moatte je in soad kilometers ride", seit Timmermans. It NK is dit jier bygelyks ek yn it suden, dat fynt yn it Pinksterwykein plak yn Tiel.
It Iepen Frysk Kampioenskip BMX yn Noardburgum © Omrop Fryslân
It kampioenskip is ferdield yn ferskate klassen en leeftiidskategoryen. Benammen by de riders âlder dan tolve jier is it neffens Timmermans spektakulêr om nei te sjen. "Dan begjinne sy ek echt te springen. Dan komt it hieltyd mear op technyk oan, dan ûntsteane der grutte ferskillen yn technyk en krêft."
Geheim om earste te wurden is it ferpleatsen fan it gewicht sadat de fytser sa floeiend mooglik oer de bulten hinne ride kin. FCC Barendrecht wie suksesfol yn de promoasjeklassen, by de dames en de hearen kaam de kampioen by dy klup wei.