Tolhúspark wurdt eveneminteterrein: omwenners meitsje har grutte soargen oer lûdsoerlêst

It Tolhúspark yn Dokkum soe it nije eveneminteterrein fan Dokkum wurde moatte. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol dêrom de kommende trije jier mei it konkours hippique en Dokkum Open Air in test dwaan om te sjen hoe't it befalt.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat it Tolhúspark de bêste lokaasje is. At de proef slagget wolle se it definityf meitsje. Omwenners meitsje har yntusken grutte soargen. Yn in koart skoft tiid binne al 300 hântekens ophelle tsjin de plannen fan it kolleezje.
Buertbewenner Johanna Scholtens hat in hântekenaksje opset om de proef op te kearen. © Omrop Fryslân
"Wy binne de earste bewenners fan de wyk hjir," seit Johanna Scholtens. "Se ha doe sein dat der hjir gjin tsjerke komme soe, gjin winkel en gjin bedriuwen. Allinnich soe der romte komme foar fuotbalferiening Be Quick."
It terrein waard letter al fierder ynfolle. Sa kaam der ek in swimbad. "Dêr ha wy ek gjin beswier tsjin, mar at se in evenemint lykas metalfestival Dokkum Open Air hâlde wolle dan al."

Lûdshinder

Benammen om't der by de omlizzende húzen in soad lûdsoerlêst ferwachte wurdt. By guon 95 desibel, by it hûs fan Scholtens 94. Dat is fergelykber mei in pneumatyske boar op 10 meter ôfstân. At je lang oan dy sterkte bleatsteld wurde is it ferstannich earbeskermers te dragen.
"Ik fiel my tige teloarsteld troch dizze gemeente", seit Scholtens. "Ik bin net de iennige want alle 300 minsken dy't in hânteken set ha binne it der net mei iens en meitsje beswier.
Johanna Scholtens yn petear mei boargemaster Johannes Kramer © Omrop Fryslân
Tolhúspark wurdt eveneminteterrein: Omwenners meitsje har grutte soargen oer lûdsoerlêst

De ried wol it

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders komt mei de plannen op oantrúnjen fan de gemeenteried. De ried hat yn 2020 in moasje oannommen dêrby't se oanjûn ha dat yn it Tolhúspark romte komme moat foar eveneminten. Boargemaster Johannes Kramer hat begryp foar de beswieren fan de omwenners: "Hokker plak je ek kieze, der is altyd oerlêst foar omwenners. Dêrom is it ek in pilot fan trije jier mei dizze eveneminten."
Mocht it allegear goed útpakke dan meie der in 20 eveneminten op jierbasis organisearre wurde. In pear dêrfan meie dan in soad lûd meitsje, lykas by Dokkum Open Air. "It wol net sizze dat dan alles mei", stelt Kramer. "Der moat dan in fergunning oanfrege wurde. Dêryn kinne saken ôfpraat wurde lykas de lûdssterkte en wêr wat al en net mei."

Benaud foar kampearders

Omwenners binne ek benaud dat de grienstrook achter de huzen by Dokkum Open Air brûkt wurdt as kampearplak. Scholtens: "At dan de muzyk útgiet is it feest noch net foarby." Neffens Kramer kinne just deroer ek ôfspraken makke wurde yn de fergunnings.
Op 17 maaie wurde de plannen presintearre oan de gemeenteried. Dêr binne ek de omwenners by. Njonken de ferwachte lûdsoerlêst wolle se it dan ek ha oer de ympakt dy't in festival ha kin op de natoer. "Der sitte hjir flearmûzen en ek ûlen. By binne beskerme."