Nije foliêre foar Wilhelminapark Grou: 30 man tille it gefaarte op

Sa komt de nije foliêre der út te sjen. Yn july komme de fûgels werom © Omrop Fryslân
Yn it Wilhelminapark yn Grou is begûn mei de renovaasje fan de foliêre. Der wiene goed 30 frijwiligers nedich om 'm op te tillen, sa't der de kommende tiid in nije konstruksje omhinne boud wurde kin.
As in dirigint rint Folkert de Haan om it lytse gebou yn it park hinne. Mei syn timmersmanseach en mei help fan in laser sjocht hy oft de frijwilligers har wurk goed dogge: it tagelyk oandraaien fan de stimpels. Oan de sydkanten steane fjouwer heftrucks, dy't soargje foar stabiliteit en dy't foarkomme moatte dat it dak omfalt.
"It gebouke wie swier fertutearze", seit Feico Smeding. Hy is foarsitter fan de Stichting Wilhelminapark. Se ha jild ynsammele foar de nije foliêre. "Dy hâldt dus itselde dak en kriget in nij aluminiumframe mei glês."
© Omrop Fryslân
It is foar Smeding it begjin fan de ein fan in lang renovaasjeprojekt. It park is lang oan syn lot oerlitten. Bewenners fan it doarp koenen dat net langer oansjen en begûnen in tal jierren werom mei de renovaasje.
Mei help fan doarpsbewenners en de gemeente Ljouwert is jild byinoar brocht en dêrnei koe de renovaasje úteinsette. "As dit klear is, dan is it wer in prachtig park."

Pannenbier

De 30 man hawwe it wurk sa klear. Yn goed in oere stiet it dak op hichte, is it stabilisearre en kin it bier doppe wurde. "Ja, pannenbier heart der by." It is in tradysje: as it heechste punt berikt is by de bou en de dakpannen lein wurde kinne, wurdt der bier dronken. Ek al is it noch mar in oere as njoggen moarns.
It Wilhelminapark yn Grou krijt in nije foliêre, dêr wiene 30 'sterke jerke's' foar nedich
De nije foliêre moat foar de simmerfakânsje klear wêze. De fûgels, kninen en oare opfangbisten dy't dêr in twadde kâns krije, komme yn july werom.