Thúswedstriid foar Danny Noppert: "Eigen bêd sliept altyd it lekkerst"

Danny Noppert © Orange Pictures
It is in opmakke bêd foar Danny Noppert: hy spilet sneon in thúswedstriid yn it WTC Expo yn Ljouwert. Noppert sels fynt it 'wol relaxt': hy koe gewoan thús sliepe en ferwachtet flink wat Fryske support.
Ljouwert is dit wykein it dekôr fan in grut Europeesk darttoernoai. Yn totaal stride 48 darters om in plak yn de finale, dy't sneintejûn is. Ek bekende darters as Michael Smith, Peter Wright en Michael van Gerwen dogge mei.
Yn 2020 soe dit Europeeske toernoai ek al yn Ljouwert plakfine, mar doe jage de coronakrisis de boel yn 'e bulten. Ferline jier wie it evenemint yn Zwolle, mar dit jier is de beurt oan Ljouwert. Dêr wurde sa'n 2.000 minsken ferwachte.
Danny Noppert fynt it noflik, sa tichtby. "It is wat oars as de koffer ynpakke, wer reizgje en yn it fleantúch. Ik fyn it wol prima sa."

Foar it thúspublyk

It komt ek de nachtrêst te'n goede: "Myn soantsje waard wol om 06.30 oere wekker, mar dy slepte dêrnei wol wer. Dus úteinlik wol lekker ta rêst kaam. Op eigen bêd sliept altyd it lekkerst."
Oan de oare kant wol Noppert just op in dei as hjoed wol prestearje. "Ik bin miskien wol wat nerveuzer as oars, want it is fansels ek foar eigen publyk. Mar je kinne it ek posityf sjen: efkes wat ekstra druk, dat makket my ek wol wat skerper. Je wolle wol op en top prestearje."

Fryske support

Hy ferwachtet wol wat supporters út De Jouwer. "En fansels ek genôch oare darters út Fryslân. It wurdt ien grut feest tink ik." Oerdeis is Noppert fêst wat oan it ynsmiten. "Myn maat en broerke binne der by, dus sa no en dan efkes wat âldehoere. Je moatte fansels net trije oeren achterinoar ynsmite. Dus wat relaxe en wat ynsmite, sa giet dat in bytsje."
Freed kamen ek al darters yn aksje yn Ljouwert © Martin de Jong
Noppert moat om in oere as 15.00 tsjin Madars Razma út Letlân darte. "Hy smiet juster in goede partij. Ik haw it net hielendal sjoen, mar hy smiet 104 gemiddeld leau ik. Dus ik moat flink oan de bak. Hooplik docht er soks hjoed net."