Stânbyld foar walrus Freya († 2022) ûntbleate yn haven fan Oslo

It stânbyld fan Freya yn de haven fan Oslo © ANP
Yn Oslo wurdt sneon in stânbyld ûntbleate fan Freya, de frijfochten walrus dy't yn 2021 in skoft yn Harns en it Waadgebiet omspaande. Freya is no ferivige yn in byld, net fier fan it plak dêr't sy deamakke is.
Freya wie in bysûndere ferskining yn ús provinsje, want it wie foar it earst yn 23 jier dat in walrus hjir in besite brocht. Walrussen libje gewoanwei op driuwiis yn de poalsee.

Dwaalgast yn it Waadgebiet

De walrus dûkte op 20 septimber 2021 foar it earst op by de sânplaat Simenssân, njonken Skiermûntseach. In wike letter brocht it wyfke in besite oan Harns. Freya lei dêr lekker op de Suderpier, dy't spesjaal ôfsletten waard. Jûns holden minsken tafersjoch, want Freya luts in soad nijsgjirrige aachjes.
Freya doe't sy noch libbe, yn Oslo © ANP
Healwei oktober wie Freya ferhuze, sy waard no by Skylge sjoen. Omrop Fryslân frege it publyk om mei in namme te kommen foar de walrus. Der kamen goed 2.000 reaksjes binnen.
De kar foel úteinlik op Freya, wat 'striidlustich' betsjut. Media yn binnen- en bûtenlân namen de namme fuortendaalks oer.
In grutte tekening yn it sân by it Ingelske Seahouses, dêr't Freya ek op besite kaam © ANP
Uteinlik swom Freya wer út de Fryske wetters wei. Fia Den Helder en Grut-Brittannië bedarre sy yn Noarwegen. Net eltsenien wie dêr bliid mei de besite, want sy soarge foar problemen. Sy krûpte mei har 600 kilo op boaten, dy't dêr net goed oer koene.
Boppedat luts sy ek yn Noarwegen in soad publyk. It soarge foar gefaarlike situaasjes troch lju dy't te ticht yn de buert kamen. En foar Freya sels soe it in soad stress opsmite. Yn opdracht fan de Noarske autoriteiten waard Freya dêrom op 14 augustus 2022 deamakke. Freya is sa'n fiif jier âld wurden.

Unbegryp en aksje

It ôfmeitsjen fan Freya smiet tal fan reaksjes op. Natuerorganisaasjes fûnen it in ferkearde kar en op sosjale media reagearren minsken fol ûnbegryp. Erik Holm wie rekke troch it ferhaal en besleat in aksje op te setten om in stânbyld foarinoar te krijen.
Yn in pear dagen tiid is der goed 25.000 euro ophelle, troch tal fan donateurs. It wie genôch om in byld meitsje te litten troch byldhouwer Astri Tonoian.