Peter van der Voort (D66) hâldt fêst oan stikstofplan: "Dat akkoord staat"

Het CV van Peter van der Voort © Omrop Fryslân
De koälysje moat fêsthâlde oan de ôfspraken yn it stikstofakkoart, ek al is dêr in soad krityk op. Dat fynt Peter van der Voort, Earste Keamerlid fan D66.
Dêr't Edou Hamstra fan de PvdA ferline wike sei dat de stikstofdeadline fan 2030 net hillich is, wol Van der Voort gjin sintimeter fan de ôfspraak ôfwike.
Neffens him moat de polityk stribjen bliuwe nei it werombringen fan de útstjit mei de helte yn dat jier. "Het is niet voor niks dat 2030 in deze wet wordt genoemd", seit er. "Dat akkoord staat."

'De lege toekomststoel'

"Wij houden vast aan het kabinet. In de Eerste Kamer hebben we het als DD6 geregeld over 'de lege toekomststoel'. Die is bedoeld voor de komende generatie. Daar blijven we aan refereren."
Dat der by it PvdA hjir en dêr oars tsjin it akkoart oansjoen wurdt, fynt er net slim. "We hebben een goede band met het PvdA. Wellicht dat we hen soms moeten helpen herinneren aan waar het om gaat."
Peter van der Voort fynt dat de polityk der foar de takomst sitte moat
De partij hat dúdlike doelen foar dy takomst, seit er. "Daarbij houden we Nederland en onze kinderen in het achterhoofd. Op die manier werkt Rob Jetten aan het Klimaat, Robbert Dijkgraaf aan het onderwijs en Tjeerd de Groot aan het stikstofprobleem."
Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Peter van der Voort.

Minder sitten troch stikstofakkoart?

D66 hat no noch sân sitten yn de Earste Keamer. Dy sille nei de Earste Keamerferkiezingen op 30 maaie sa goed as wis ôfnimme nei fiif.
"Of dat komt door het vasthouden aan het stikstofakkoord? Dat weet ik niet. Duidelijk is dat het overbrengen van de plannen beter is gegaan in de Tweede Kamer. Blijkbaar moeten we hier de anderen in de Eerste Kamer nog meer van overtuigen."
Fierder seit Van der Voort bliid te wêzen mei de koartlyn ferskynde maitiidsnota. "Die ziet er solide uit. We maken duidelijk hoe we met de financiën om moeten gaan, zonder daarbij de doelen los te laten. Het is een buitengewoon stevig akkoord."

Krityk op Earste Keamer

Hieltyd faker klinkt der krityk op de Earste Keamer. Dy soe him tefolle mei polityk bemuoie. It D66-lid kin dêr wol ynkomme. "We moeten blijven kijken naar de wetten die bij ons langskomen. We hebben geen initiatiefrecht om die te maken. De Eerste Kamer moet kijken naar bijvoorbeeld de uitvoerbaarheid daarvan, en de handhaafbaarheid."
It is goed dat der ûnderskied is tusken de Earste en Twadde Keamer, fynt Van der Voort
"Dat er wel politieke afwegingen worden gemaakt, is niet zo gek. Maar het moet duidelijk zijn dat wat er in de Tweede Kamer gebeurt niet bij ons gaat spelen. Daar wijzen we collega's dan ook op", seit er. "Als er moties 'des Tweede Kamers' zijn, dan stemmen we hoe dan ook tegen. Ook al vinden we ze oké."

Starten flak foar corona

Van der Voort makke yn febrewaris 2020 syn yntree yn de Earste Keamer. Flak foardat de corona-epidemy yn Nederlân losbarste. Hy wie yn dizze perioade yntinsivist en hie út namme fan it UMCG lieding oer de IC-bêden yn it Noarden.
"Ik startte op een goed moment in de Eerste Kamer. Met mijn medische inhoudelijke kennis kon ik meteen veel inbrengen in de debatten en bij het kabinet. Ik kon vertellen wat er gebeurde en wat er nodig was", zegt hij. "Dat ik zowel druk was in het ziekenhuis, als in de politiek, maakt het een erg dynamische tijd."
De coronakrisis wie ek polityk soen in nijsgjirrige perioade foar Van der Voort
Van der Voort is de nûmer acht op de Earste Keamerlist. Dat betsjut dat er aanst yn prinsipe gjin ûnderdiel mear foarmje sil fan de Earste Keamer.

'Politiek smaakt naar meer'

"Ja, die kans is groot. Al zit er wel beweging in de fractie. Ik ben ook onverwachts ingestroomd", seit er, dêr't Van der Voort mei doelt op Alexandra van Huffelen, dy't doedestiids steatssekretaris waard by it ministearje fan Finânsjes en der dêrtroch in plakje foar him frijkaam. "Al zal ik waarschijnlijk verder moeten kijken. Maar goed, zo gaat dit proces."
Van der Voort fynt it spitich dat er ophâldt. Hy fielt him nammentlik senang yn syn hjoeddeiske rol. "Gelukkig zijn er meer functies in de politiek. Want het smaakt naar meer."
© Omrop Fryslân