De Joadske Lieba Steil wie op de ferkearde tiid op it ferkearde plak

Stroffelstiennen Harns: it ferhaal fan de famylje Steil fan Havenplein 24
De Holocaust liet ek djippe spoaren nei yn de Joadske mienskip fan Harns. Oant 4 maaie giet Omrop Fryslân by de 16 adressen del dêr't stroffelstiennen lizze. Hjoed it ferhaal fan Lieba, Berel en Nechemia Steil fan it Havenplein.
Lieba Aftergut hat al hiel wat meimakke foar't sy yn Harns bedarret. Sy is berne yn Eastenryk-Hongarije, mar troch ferskowende lânsgrinzen komt sy yn Poalen te wenjen. Sy krijt dêr twa soannen: Berel en Nechemia.
As yn septimber 1939 de Dútsers Poalen binnenfalle, slaan in soad Joaden op 'e flecht. Sa ek Lieba en har bern, dy't yn Nederlân terjochte komme. Lieba trout mei in Joadske keapman, Mozes Aaron Steil. Ek hy komt út Poalen, op syk nei in feilich plak.
Mar ek hjir marsjearret de Dútske besetter binnen. De famylje ferhuzet fan Den Haag nei Harns, dêr't men fan 1941 ôf yn in smelle steech by it Havenplein wennet.
De famylje ferbliuwt der eins mar koart. Lieba hat net in soad kontakt mei de buert. Sy praat gjin Nederlânsk, is benaud foar de Dútsers en komt hast net bûten.

In donkere jûn

Wêrom't Lieba yn augustus 1942 op strjitte omswalkt, is net bekend. Mar op in jûn, om healwei njoggenen, treft sy de ferkearde persoan. In Dútske militêr sjocht oan de davidstjer op har jas dat sy in Joadinne is.
Fia it plysjeburo yn Ljouwert en kamp Westerbork wurde Lieba en Nechemia nei Auschwitz brocht. By oankomst wurdt Lieba fuortendaalks om it libben brocht.
Nechemia is kleanmakker en kin dêrom noch in skoftke yn it kamp oan it wurk. Mar ek hy stjert dêr, yn 1943, noch mar 17 jier âld. Syn broer Berel is it jier dêrfoar al fermoarde.
Heit Mozes bedarret begjin 1943 yn Westerbork. Hy besiket noch in Sperre (in dokumint foar frijstelling fan deportaasje) te krijen om't hy frontsoldaat west hat yn it Eastenrykske leger yn de Earste Wrâldoarloch.
Mar yn septimber folget dochs deportaasje nei it Easten. Hy hâldt it noch oant maart 1945 fol, mar stjert yn it Dútske twangarbeiderskamp Obertraubling.
Oer hiel Europa lizze yntusken mear as 90.000 'stroffelstiennen', wêrop't de gegevens steane fan Joadske bewenners fan in adres yn de oarloch. Harns krige der 45, op inisjatyf fan feriening Oud Harlingen en it Centraal Comité 1945. Fan 17 april oant 4 maaie alle dagen in ferhaal, mei tank oan Oud Harlingen. Op telefyzje is eltse dei in ôflevering te sjen, nei Fryslân hjoed.