Fryske bierferhalen foar leafhawwers troch de kanon no online te finen

© Omrop Fryslân, Esther Leystra
Goed nijs foar bierleafhawwers dy't mear oer de Nederlânske bierhistoarje witte of publisearje wolle. De Canon fan de Nederlânske bierkultuer is op freed 28 april lansearre.
De Canon Nederlandse Biercultuur is in nij inisjatyf fan de Stichting Erfgoed Nederlandse Biercultuur mei as doel in beknoppe, mar just byld te jaan fan de skiednis fan it Nederlânske bier.
Dêrby is ynformaasje opdield yn sân tiidfakken dêr't yngien wurdt op kenmerkende fenomenen. De kanon begjint yn de earste iuw nei Kristus en einiget yn 2022 mei it haadstik 'de ein fan spesjaalbier'. Gerard Ypenga, ûndernimmer yn Harns is bliid mei de lansearring: "As echte brouwers fine we dit reuze nijsgjirrich."

Soerder en minder alcohol

Foar Ypenga is de histoarje fan bier bekend, dochs fernuvere er him wol oer wat by it sjen fan de kanon. "Wat my as alderearste opfoel is dat der hiele oare rassen kwa grûnstoffen beskikber wiene earder. It wie allegearre regionaal, brouwers wurken mei allinnich mar regionale produkten. Hjoed de dei kinne we dit allegearre út Nij-Seelân Amearika of Tsjechië helje. Wy kinne no alle bieren brouwe dy 't wy brouwe wolle."
Canon Nederlândske bierskiednis
In oar grut ferskil tusken de bieren fan no en eartiids is dat de bieren eartiids soerder wiene. Ek hiene se minder alkohol en wiene se miskien wat bitterder. Bierbrouwers hiene ek minder mjit- en regelapparatuer as dat we no hawwe. "Se dronken bier trouwens ek net út glês, mar út krûken. It wie faak brún, swiet en streksum en se dronken el in pear liters deis."

Fan 13 nei mear as 900 bierbrouwerijen yn Nederlân

Ien fan de bierbrouwerijen sit yn Dokkum, in stêd mei in soad bierhistoarje. Foar ûndernimmer Frank van Dijk is de skiednis fan bier dêrom ek net ûnbekend. "We hebben in onze bierbrouwerij een museale opstelling en van Museum Dokkum hebben we een aantal attributen gekregen."
Mei dizze brouwerij en it museum is nei mear as 140 jier it Bonifatiusbier yn Dokkum wer werom. De histoaryske bierpeal dy't flakby de brouwerij te finen is stiet symboal foar de rike bierskiednis fan Dokkum.
It tanimmen fan it tal bierbrouwerijen komt neffens Ypenga troch de feroarjende fraach fan de konsumint. "Wy hawwe 100 jier libbe yn in 'pilsk-lânskip'. Eltse kroech hie Heineken of Amstel en dat wiene grutte jonges, der wie gjin romte foar lytse brouwers. Mar de fraach is fan de minsken út feroare, minsken wolle mear smaak en mear regionaal en dêr binne brouwers op ynsprongen."
Dêr komt ek noch by dat de grûnstoffen makliker te krijen binne tsjintwurdich. "De hiele merk ûntwikkelet him hielendal."

Friezen drinke hiel wat liters fuort

"Ik heb de kaart gezien op de website en Friesland heeft wel veel brouwerijen. Ik denk dat Fryslân een gemeenschap is waar veel vriendengroepen een brouwerij beginnen. Dat wil niet zeggen dat ze allemaal ketels hebben, maar wel de interesse om met elkaar bier te brouwen", aldus Ypenga.