Bewenners Burdaard bliid dat Wetterskip Fryslân stankoerlêst rioelwettersuvering oanpakt

© RTV NOF
Wetterskip Fryslân sil de stankoerlêst by de rioelwettersuveringsynstallaasje yn Burdaard oanpakke. It Wetterskip sil trije iepen slibbakken ôfdekke en bout in ynstallaasje om de loft yn dy bakken te suverjen. Bewenners fan it doarp binne bliid dat sy aanst fan de stank ferlosse binne.
De wurksumheden begjinne nei ferwachting kommende hjerst en duorje sa'n fjouwer moannen. It deistich bestjoer stelde tiisdei foar de maatregels 950.000 euro beskikber.
Wetterskip Fryslân hat op de rioelwettersuveringen yn Dokkum en Easterwâlde al slibbakken ôfdutsen en geurfilters pleatst. Op dit stuit krijt de wettersuvering yn Boalsert ek sa'n systeem. Yn Dokkum en Easterwâlde hawwe de maatregels al laat ta folle minder klachten oer stankoerlêst.