Iepenloftbaden dit wykein wer iepen: yn Wytmarsum foar de 50ste kear

© Omrop Fryslân, Earryt Sijens
In soad iepenloftbaden iepenje dit wykein wer de doarren, ta grutte bliidskip fan de echte wetterrotten. By swimbad Mounewetter yn Wytmarsum is it ekstra feest: dat bad giet foar it 50ste jier iepen.
De waarsfoarútsjoggen foar dit wykein lykje goed. Dochs sil it net folle waarmer wurde as 13 graden. De echte wetterrotten litte har dêr net troch ôfskrikke, dochs helpt it in soad dat it bad yn Wytmarsum opstookt wurdt nei 24 graden. Jier op jier barde dat mei gas. Yn de begjinjierren fan it swimbad oant wol 100.000 kúb.
Swimbad Mounewetter giet wer iepen

50 jier

It swimbad is ein jierren '60 oprjochte troch Jan Deelstra, Ulbe Hiemstra en Martinus Leenstra. It jild foar de bou kaam fan de ynwenners fan it doarp, neffens bedriuwslieder Joke van der Vliet sa'n 40 gûne de ynwenner.
De earste badgasten binne der al © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Yn 1972 sette de bou útein, wêrnei yn 1973 de earste dúk yn it bad folge. Van Vliet: "De trije manlju hawwe al tiden tige ynnovatyf west. Se begûnen as guon fan de earste mei enerzjybesparjende maatregels lykas de swimbadôfdekking." Mei troch dat soarte maatregels waard it gasferbrûk redusearre nei 30.000 kúb.

Net klappertoskje

Ferline jier makke it bestjoer bekend folslein fan it gas ôf te wollen. De bedoeling wie dat de transysje by de iepening sneon klear wêze soe. Nettsjinsteande it hurde wurkjen fan frijwilligers en wurklju, is dat noch net slagge. Noch net alle 150 sinnepanielen lizze te plak, en ek de trije waarmtepompen wurkje noch net.
Nei alle gedachten is 16 maaie, op de offisjele feestdei, it wurk klear. It swimbad is dan foar eltsenien fergees iepen. "Gelokkich wurket de gasynstallaasje noch gewoan", seit Van Vliet. Swimmers hoege dus sneon net klappertoskjend har baantsjes te lûken.