Trochstart soarchorganisaasje MeiDy Damwâld realisearre

© RTV NOF
De kurator in het faillissement van MeiDy B.V. Romana Bremer hat mei Adrem Zorggroep út Drachten oerienstimming berikt oer in trochstart fan MeiDy Ouder en Kind yn Damwâld.
De ûndernimming sil fierder ûnder de namme Meidy Therapeutisch Gezinscentrum B.V. Yn maart waard de soarchgroep fallyt ferklearre. De organisaasje biedt spesjalistyske jeugdhelp en stipe foar húshâldingen mei bern oant en mei 18 jier. De soarchynstelling koe, neidat de Belastingdienst in grut part fan de coronastipe weromfrege, de holle net mear boppe wetter hâlde.
Adrem Zorggroep is in organisaasje spesjalisearre yn gesinsyntervinsjes. De kurator hat nei it fallisemint wiidweidich nei de mooglikheden sjoen foar in trochstart yn oerlis mei Sociaal Domein Fryslân (SDF). De measte meiwurkers kinne harren baan behâlde. Fan moandei 1 maaie ôf kinne neie kliïnten oanmeld wurde foar de wen-soarchlokaasje yn Damwâld.