Foar it earst ek yn de maaiefakânsje bern út fan hûs by Fryske opfanggesinnen

Europa Kinderhulp organisearret fakânsjes foar bern út probleemgesinnen © ANP
Dit jier komme der foar it earst ek yn de maaiefakânsje bern fia Europa Kinderhulp nei opfanggesinnen yn Fryslân. De hulporganisaasje regele earder meinammen ferbliuw foar bern yn de simmerfakânsje.
"It binne bern út gesinnen dêr't in helpfraach is", seit Karin Gjaltema fan de organisaasje. "Dat kin fariearje fan in sike heit of mem dy't gjin tiid hat foar de bern oant drugsproblematyk of fertutearzjen."
No kinne dizze bern der twa kear yn it jier op út. "Wy wolle sjen oft we de bern wat faker yn in húshâlden pleatse kinne, sa't se wat faker thús wei binne."

Fjouwer bern

"Wy sitte no op fjouwer bern dy't hjir nei Fryslân ta komme", seit Gjaltema. "It is dreech om gesinnen te finen, want it is mear geregel as allinnich mar efkes tsien dagen yn de simmer." It is nammentlik in ekstra fraach oan de húshâldens. It is de bedoeling dat bern dy't yn de maaiefakânsje komme ek yn de simmerfakânsje wer delkomme kinne.
It lege tal bern leit lykwols net allinnich oan it tekoart oan plakken om de bern ûnder te bringen. "Der binne ek mar in pear oanmeldingen fan bern, want it is de earste kear dat wy dit dogge yn de maaiefakânsje."
It giet om it persoanlike omtinken en de waarmte fan in gesin.
Karin Gjaltema fan Europa Kinderhulp
Foarearst kinne allinnich bern út Nederlân twa kear yn it jier by in húshâlden yn Fryslân ûnderbrocht wurde. "Dat is foar Nederlânske bern makliker te regeljen as foar bern út it bûtenlân wei."

Waarmte

Moandei komme de earste bern nei Fryske húshâldens ta. "It binne dan faak gjin pretparken dêr't se hinne sille, it giet mear om it persoanlike omtinken en de waarmte fan in gesin. Mei syn allen om de tafel in spultsje dwaan of efkes nei it bosk. Hiele gewoane saken eins."
De stichting hopet yn de takomst noch folle mear bern ûnderbringe te kinnen. "Wy kinne dêrom altyd mear húshâldens brûke dy't bern ûntfange wolle, benammen foar de bern út it bûtenlân wei dy't yn de simmers komme." Húshâldens kinne harren dêrfoar oanmelde by Europa Kinderhulp.