Nyck de Vries knalt yn Bakoe hurd yn de muorre "Ik wit net wat der no krekt bart is"

© Red Bull Content Pool
Nyck de Vries hat him by de kwalifikaasje fan de Grand Prix fan Azerbeidzjan gjin tsjinst bewiisd. Yn syn earste fleanende ronde knalde er hurd yn de muorre mei in koade read ta gefolch.
De dei begûn sa goed foar de AlphaTauri-koereur. Hy wie yn de earste frije training fan 'e moarn dúdlik yn syn elemint en sleat de sesje knap as sechsde ôf. Spitigernôch hat er dat gjin ferfolch jaan kinnen.
Yn de kwalifikaasje skeat De Vries by it yngean fan bocht trije hurd rjochttroch. Syn wein wie sa bot skansearre dat in ferfolch fan de kwalifikaasje der net mear yn siet. Hy koe sûnder ferwûningen útstappe.

Bekend terrein

In opmerklike crash. Bakoe is bekend terrein foar de koereur út Twellingea. Sterker noch, yn de Formule 2 einige er trije kear as twadde en dat sjochst werom yn it selsbetrouwen wêrmei't er op it strjittesirkwy rydt.
Dat er him dan ek fergaloppearret yn bocht trije is dêrom eigenaardich te neamen. It soe te krijen hawwe kinne mei it feit dat er by oanfang fan de kwalifikaasje in technysk probleem hie. Op it momint dat er de baan op soe, waard besletten him dochs wer de pitbox yn te triuwen om't de auto yn in alarm-modus stean bleau en der problemen wiene mei de achterremmen.

Gjin technysk probleem

In wurdfierder fan AlphaTauri lit oan Omrop Fryslân witte dat de auto gjin technysk probleem hie op it momint dat De Vries crashte.
© Red Bull Content Pool
De AlphaTauri-koereur is gjin koereur dy't gau brokken makket. Dat it útrekkene op in sirkwy dêr't er skitterje kinnen hie, ferkeard giet, sil him sear dwaan. Ek omdat teamgenoat Yuki Tsunoda skitteret en him as achtste kwalifisearret.

Eigen skuld?

Yn syn reaksje tsjinoer F1tv en Viaplay lit De Vries lykwols net it achterste fan syn tonge sjen. "Dit is natuurlijk enorm teleurstellend. De auto gaat hier goed, dat zag je ook in de eerste vrije training: dat was veelbelovend. Helaas begon de kwalificatie met wat kleine problemen. We moeten uitzoeken of er een link is tussen die problemen en mijn crash."
De koereur hâldt dus yn it midden oft it syn eigen skuld is of dat in technysk probleem de oarsaak is. "Ik weet niet wat er gebeurd is. Het ging allemaal zo snel. Bocht 1 en 2 voelde alles goed. Ik wil geen voorbarige conclusies trekken voor ik met het team gesproken heb. Het enige dat ik zeggen kan, is dat dit enorm teleurstellend is."

Efteroan starte

De Vries hie op it momint fan syn crash noch gjin represintative tiid stean, mei as gefolch dat er de race snein as lêste starte moat.