Trije bylden stellen by iisbaan yn Aldeberkeap: "Dat dot wel piene aj' dat zien"

In lege tafel. Dat is alles dat noch oer is fan in brûnzen byld fan trije maratonreedriders by de iisbaan fan Alderberkeap. Woansdei kaam de eigener, Pleatslik Belang der efter dat twa bylden stellen wiene, de oare lei op de grûn en is de nacht derop ek noch stellen.
"Zundag weren ze d'r nog", seit Jan Berend van Elp, foarsittter fan Plaatselijk Belang Oldeberkoop. Yn de nacht fan woansdei op tongersdei is sels it tredde byld, dat op de grûn lei meinaam. "Ze hadden d'r twieje mitneumen, en et dadde was d'r nog, oflopen naacht hebben we 'post' om zo misschien toch de daoder te vienen. Mar et is heur toch lokt om et dadde beeld ok nog mit te nemen."
Trije bylden stellen by iisbaan yn Aldeberkeap: "Dat dot wel piene aj' dat zien"
It plak dêr't de bylden steane is net earne dêr't in soad minsken eltse dei delrinne. Neist in iisbaan sûnder iis en mei in bosk derneist is it dan ek maklik mei te nimmen. "Dat is netuurlik altied et perbleem mit zoe'n beeldenroute, ze bin veur iederiene toegaankelik. Et is een eupen ruumte, d'r is gien toezicht, van alles is meugelik netuurlik."

It byld is makke troch Inge Groenen út Haren en bestiet út brûns, in materiaal dat by dieven populêr is. "Ik kan me veurstellen dat iene daenkt, dat broons is een mooie stof, ik hael ze d'r of en smult ze omme. Dat is et meerst negatieve scenario."

In oar scenario is fansels dat de bylden op de ien of oare wize wol weromkomme, dat barde trije jier lyn mei it brûnzen byld fan in stabijhoun dat yn Ljouwert meinommen wie. "Ik hoop dat meensken daenken: god wat doe ik dit dörp een verdriet an, ik breng ze weeromme, misschien is dat iedele hope mar ik bin een positief meens."
Oanjefte
Pleatslik belang hat oanjefte dien. "Dat hebben we daon om dudelik te maeken: dit is echt niet goed, ik daenk dat dat angeeft: we nemen dit echt serieus."
Foar no bliuwt de metalen tafel neist de iisbaan dus leech. "Dat dot wel piene aj' dat zien. Ok wel jammer dat et plaetsen van zoe'n beeld niet meer kan, dat dat niet meer vertrouwd is."