IM ferfolget plysjeman dy't by boereprotest op trekker skeat

It Iepenbier Ministearje sil de plysjeman ferfolgje dy't op de trekker fan de 16-jierrige Jouke Hospes skeat. Dat barde ferline jier yn july by in boereprotest by de A32 op It Hearrenfean.
It IM besleat nei oanlieding fan in ynsidint it strafrjochtlik ûndersyk yn te stellen. Dat ûndersyk wie benammen rjochte op de plysjeman dy't op de kabine fan de trekker skeat dêr't Jouke yn siet. Op basis fan it ûndersyk sil it IM de man ferfolgje foar besykjen ta deaslach. Der is noch gjin sittingsdatum bekend.
De plysje seit dat de "objectieve controle" op it hanneljen fan de plysje troch de rjochtbank wichtich is. Sy stelle dat de plysjeman yn kwestje him yn de situaasje bedrige fielde.
'Enorme impact'
"Dit incident heeft een enorme impact gehad, met name op de bestuurder van de trekker en zijn directe omgeving", aldus de plysje. "Ook op de betrokken agent en zijn naaste collega's is de impact groot." Ynhâldelik wol de plysje fierder net reagearje op de saak.
It IM warskôget noch dat der in namme en foto fan in plysjeman rûn giet op sosjale media dy't net belutsen is by it sjitynsidint.