Fertochte smyt jild yn de loft en mishannelet portier yn Doelesteech Ljouwert

De Doelesteech yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Twa persoanen binne tongersdeitenacht oanhâlden nei't se út in hoarekagelegenheid set binne yn de Doelesteech yn Ljouwert.
In 27-jierrige Ljouwerter sloech dêrby in portier yn it gesicht. Efkes dêrfoar smiet er in steapel jild yn 'e loft. Plysjes koene 1.100 euro fan de grûn pakke. Neist mishanneling, wurdt de fertochte ek heard foar wytwaskjen.
De oare persoan, in 23-jierrige Ljouwerter, misledige plysjes en waard ek oanhâlden.
Neffens de wurdfiering hawwe der tongersdeitejûns- en nacht yn Ljouwert gjin grutte ynsidinten west.