Staking oankundige by FrieslandCampina: "Ook acties in Fryslân op de planning"

In frachtwein fan FrieslandCampina © ANP
Der wurdt staakt yn de suvelyndustry. Fakbûnen CNV en FNV ha foar moandei in aksje oankundige by it fabryk fan FrieslandCampina yn Mearum. Mocht dy staking neat opsmite, dan steane der ek al aksjes yn Fryslân op de planning.
De fakbûnen hienen de wurkjouwer in foarstel mei in ultimatum jûn. "Ze hebben ons laten weten niet in te gaan op onze eisen. Het ultimatum liep vorige week woensdag af", seit Henk Jongsma fan CNV.
Dêrom ha de bûnen mei wurknimmers besletten oer te gean ta aksjes. "Wij hebben met elkaar nagedacht over locaties. We hebben gekeken waar we impact kunnen maken binnen het bedrijf." Dy lokaasje is it fabryk fiif kilometer fan de grins mei Fryslân yn Mearum wurden. De staking duorret 24 oeren en giet moandei om 6.00 oere moarns yn.

Molke

In stakingstrajekt yn de suvel is neffens Jongsma net samar wat. "Melk is een kwetsbaar product." Der hat oerlis west mei it suvelbedriuw om skea safolle mooglik te beheinen. "Toch willen wij economische schade toebrengen. Dus het is aan FrieslandCampina om te zorgen dat de melk dan op een andere locatie verwerkt wordt."
It útstel fan de wurkjouwers is in leansferheging fan acht persint, wylst de fakbûnen tsien persint freegje. "We denken dat daar ruimte voor is en dat dat nodig is. We willen dat de werknemers ook in de zuivel hun koopkracht kunnen behouden, zodat ze hun boodschappen kunnen blijven betalen. Met acht procent lukt dat niet."
Jongsma lit witte dat der al mear stakingen op it programma steane, ek yn Fryslân. Wannear en wêr oft dy krekt binne wol er net sizze. "Dat maken we te zijner tijd bekend."