Fryske dupearre fan taslagge-affêre optimistysk oer skeafergoeding nei nije útspraak rjochter

Mariëlle Nijland © Simone Scheffer
Mariëlle Nijland fan De Westereen, ien fan slachtoffers fan de taslagge-affêre, hat goeie hoop dat ek har rjochtsaak tsjin de Steat in goeie ôfrin krijt. Dat seit se yn reaksje op de útspraken fan twa rjochtbanken dy't de Steat oanspraaklik ferklearre hawwe foar it ûnrjochtmjittich hanneljen tsjin twa oare dupearre âlders.
De rjochters lieten der dizze wike gjin twivel oer bestean: it jild fan de berneopfangtaslach dat de Steat tusken 2008 en 2015 weromfoardere fan dizze âlders smiet ûnevenredige neidielen op. Dat betsjut dat de âlders rjocht hawwe op in skeafergoeding. Hoe heech oft dy wurdt, is noch net bekend.
Der steane no noch fjouwer soartgelikense saken op 'e rol oer dizze kwestje, wêrfan't dy fan Nijland der ien is.

'Lânsadvokaat bûtenspul'

Nijland is mei har bern ien fan de seis húshâldingen dy't in rjochtsaak oanspand hie tsjin de Steat fanwege de taslagge-affêre. Se krige earder al wol kompensaasje. "Maar dat is gewoon mijn eigen geld dat ik terug heb gekregen. Niks meer, niks minder", seit Nijland.
De lânsadvokaat kin noch wol yn heger berop gean tsjin de útspraak, mar Nijland ferwachtet net dat er dat dwaan sil. "De landsadvocaat is volledig buitenspel gezet. Het hele verweer is van tafel geveegd", fynt Nijland.

Stúdzjeskuld

De advokaat fan Nijland hat de lânsadvokaat yntusken útnûge foar in petear. Sadat se foar har rjochtsaak al ta in skikking komme kinne. "Het is nu aan de landsadvocaat of hij nog vier keer hetzelfde wil beleven. Of hij nog een keer voor paal wil staan", seit Nijland.
Nijland soe ek bliid wêze mei in skikking, sadat se it sa gau as mooglik efter har litte kin. "Dit speelt al heel lang. Voor mij al vanaf 2020. Ik wil heel graag dat dit klaar is, maar vooral voor mijn kind", seit se.
Har soan hat in fikse stúdzjeskuld en hat de stúdzje net ôfmeitsje kinnen. Dat is neffens Nijland te relatearjen oan de taslagge-affêre. "Daar zijn verklaringen van van behandelaars. Hij heeft echt behandelingen nodig gehad om hier bovenop te komen. Dat heeft hem echt ontzettend geraakt, dus ik kan die studieschuld van hem hiermee oplossen. Dat is voor mij het allerbelangrijkst, dat hij het weer goed heeft", seit Nijland.