Geert Kuiper hâldt op as bûnscoach fan Dútske reedriders

Geert Kuiper yn Thialf © Orange Pictures
Geert Kuiper fan Aldeholtwâlde hâldt op as bûnscoach fan de Dútske reedriders. Dat lit er witte op sosjale media. De Fryske coach wie sûnt twa seizoenen coach by it Dútske reedrydbûn DESG.
Kuiper hie eins in kontrakt oant de ein fan it seizoen yn 2026. "Mei Berlyn as basis fan in grut part fan it Dútske team, is it foar my net mooglik om foldwaande by de trainingen en oare prosessen oanwêzich te wêzen. Dat soe nei alle gedachten allinnich wurkje as ik yn Berlyn wenje soe, wat foar my gjin opsje is", lit Kuiper witte.
Hy hie noch wol iepen stien foar in mear advisearjende rol by it bûn, mar dêr soe fanwege besunigingen gjin plak foar wêze. Kuiper wurdt opfolge as bûnscoach troch de Frânsman Alexis Contin.