Wetterskip Fryslân pakt stankoerlêst rioelsuvering by Burdaard oan

© ANP
Doarpsbewenners en campinggasten yn Burdaard moatte no noch de kniper op 'e noas hâlde, mar yn de simmer fan 2024 wurde se nei alle gedachten net mear pleage troch in fize rioellucht. Dy lucht wurdt al jierren feroarsake troch de rioelwettersuveringsynstallaasje, flakby de camping.
Wetterskip Fryslân nimt maatregels om de oerlêst definityf op te lossen. Der wurde trije iepen slibbakken ôfdutsen en der wurdt in ynstallaasje boud om de lucht yn dy bakken te suverjen. Earder naam it wetterskip al needmaatregels troch it slib faker ôf te fieren, mar dat jout in soad ekstra kosten.
Neffens deistich bestjoerslid Otto van der Galiën fan Wetterskip Fryslân leit der om elke rioelsuvering gewoanwei in saneamde 'geursirkel'. "Dêr meist eins net yn bouwe en dat is hjir wol gebeurd."

Net goed genôch op tasjoen

It wetterskip hat dêr in it ferline by bou-oanfragen net goed genôch op tasjoen, jout Van der Galiën ta. "Dus dat is ek in les foar ús."
Ferline jier ha se in geurûndersyk dwaan litten. "En dêrút die bliken dat we wol oan alle noarmen foldogge", seit er mei klam. "It hinget sa bot fan de wynrjochting ôf. As it súdlik of eastlik is, dan krije we in protte klachten."
Om de problemen te ferhelpen, hat it wetterskip no genôch jild beskikber. It projekt kostet in miljoen euro.