Mear tafersjoch op neisoarch foar greidefûgels nei ynsidint

Ljipaaien © Shutterstock.com
De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) ferheget it tafersjoch op de soarchplicht foar greidefûgels. Dat sil neist oerdeis ek jûns en yn it wykein barre.
Oanlieding is ûnder mear in ynsidint yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Dêr waard in nêst by it útriden fan de dong fernield, wylst it markearre wie mei stokken. De FUMO docht fierder ûndersyk dêrnei. Mooglik komt it ta strafrjochtlike ferfolging.
Boeren ha in soarchplicht foar greidefûgels. Sa moatte se yn it briedseizoen rekken hâlde mei nêsten, aaien en pykjes. Dat kin troch neisoargers ta te litten op it lân, dy't de nêsten markearje kinne. Dan kin de boer by it dongjen of it meanen rekken hâlde mei de briedende fûgels.
De FUMO kontrolearret oft dy soarchplicht neilibbe wurdt en jout foarljochting. Neffens de FUMO foldogge de measte boeren en leanbedriuwen wol gewoan oan de soarchplicht.