Johnny Jansen oan de slach yn Libanon: "Ze wilden me heel graag"

Johnny Jansen © Orange Pictures
Ald-Hearrenfeantrainer Johnny Jansen hat in nije baan: hy giet oan de slach yn Libanon. De 48-jierrige ynwenner fan Noardwâlde hat in kontrakt ûndertekene by de klup Al Safa SC út Beiroet.
Jansen is op it stuit yn Libanon om in appartemint te finen. Syn earste yndrukken binne goed. "Beiroet is echt een mooie stad. Vaak is het niet positief als Libanon in het nieuws komt, maar ik ben hier nu drie dagen en het is hier hartstikke mooi." Syn frou en bern bliuwe foarearst wol yn Nederlân.
In promenade yn Beiroet © Shutterstock.com (Paul Saad)
Jansen begjint op 15 juny oan syn nije wurk, yn earste ynstânsje foar ien seizoen. "Maar als het goed gaat en het van beide kanten bevalt, kan het een langere periode worden."
Hy sjocht der benammen nei út om mei jonge talinten te wurkjen, seit er. De nije eigener stekt in soad enerzjy yn de jeugdoplieding. "Bij Heerenveen was het ontwikkelen en doorstromen van jeugdspelers belangrijk. Die ervaring hebben ze bij Al Safa ook nodig, zeiden ze."
Jansen wol syn ûnderfining graach oerbringe. "Ze wilden me heel graag, omdat ik heb samengewerkt met namen als Martin Ødegaard."

Nij team

Safa ûntsnapte it ôfrûne seizoen mar krekt oan degradaasje út de Libaneeske Premier League. It kommende seizoen stiet der in kompleet nij team, seit Jansen. "We gaan de selectie versterken en ik moet ook een idee krijgen van de jeugd die daar rondloopt voor het eerste elftal."
Jansen wie twaenheal jier haadtrainer fan sc Hearrenfean, oant er yn jannewaris 2022 dien krige. Hy waard doe opfolge troch ynterim-trainer Ole Tobiasen.