Topdarters komme nei mear as 15 jier wer nei Fryslân

Danny Noppert © PDC
Fryske dartleafhawwers krije takom wykein in unike kâns: de ynternasjonale topdarters binne dan yn Ljouwert te finen. Dat de wrâldtop fan it darten foar it lêst nei Fryslân kaam, is al mear as fyftjin jier lyn.
It binne grutheden yn it darten: manlju as Michael Smith, Peter Wright en Michael van Gerwen. Miljoenen fans fan oer de hiele wrâld folgje harren ferrjochtingen. Dit wykein steane sy en noch in soad oare topdarters yn it WTC Expo yn Ljouwert.
Fan freed oant en mei snein wurdt dêr it Dutch Darts Championship hâlden. Yn totaal stride 48 darters om in plak yn de finale op sneintejûn, mei foar de winner in haadpriis fan sa'n 35.000 euro. It toernoai yn Ljouwert wurdt live útstjoerd op streamingstsjinst Viaplay.
It WTC Expo yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Oan it toernoai dogge de bêste darters fan it profbûn PDC mei, oanfolle troch ferskate 'qualifiers'. Sa krije ek amateurdarters út Fryslân de kâns om kommend wykein op it poadium tsjin de 'grutte manlju' te stean.
Tongersdei wurdt foar harren in kwalifikaasjetoernoai organisearre. De bêste twa spilers fan dat toernoai pleatse harren foar it Dutch Darts Championship.

Thialf en corona

It is foar it earst sûnt 2007 dat de ynternasjonale darters fan de PDC wer nei Fryslân komme. Doe waard yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean noch in fliertoernoai holden, dat úteinlik wûn waard troch âld-darter Roland Scholten.
It wie de bedoeling dat it Dutch Darts Championship yn 2020 al yn Ljouwert holden waard. Doe waard it toernoai inkelde moannen dêrfoar lykwols ôfblaasd fanwegen de coronamaatregels.
It Dutch Darts Championship yn Ljouwert makket ûnderdiel út fan it Europeeske sirkwy fan it dartbûn PDC: de European Tour. It evenemint yn Ljouwert is it sechde toernoai fan it jier. It dartbûn hat it Europeeske sirkwy eartiids opset om it darten dêr better op 'e kaart te setten. De measte grutte telefyzjetoernoaien, lykas it WK en de World Matchplay, wurde noch hieltyd yn it Feriene Keninkryk holden.
De grutte publyksfavoryt sil kommend wykein fansels Danny Noppert fan De Jouwer wêze. De Fries, dy't yntusken de nûmer acht fan de wrâld is, is ien fan de pleatste spilers en komt sneon foar it earst yn aksje.

Finale

Noppert die it ferline jier goed op it Dutch Darts Championship, doe't it toernoai noch yn Zwolle holden waard. Doe helle er de finale, wêryn't regearjend wrâldkampioen Michael Smith úteinlik krekt mei 8-7 te sterk wie.