"Dit komt niet goed" wie Chellie Speijer syn lêste libbensteken

Stroffelstiennen Harns: it ferhaal fan de famylje Speijer fan Heiligeweg 19
De Holocaust liet ek djippe spoaren nei yn de Joadske mienskip fan Harns. Oant 4 maaie giet Omrop Fryslân by de 16 adressen del dêr't stroffelstiennen lizze. Hjoed it ferhaal fan de famylje Speijer fan de Heiligeweg.
It is in pracht fan in kleanwinkel, op de hoeke fan de Heiligeweg en de Grote Kerkstraat. 'De Gunst', stiet op de gevel skildere, 'heerenkleeding.' It is de saak fan Michiel Speijer, dy't de saak fan syn heit oernaam hat.
Michiel, dy't 'Chellie' neamd wurdt, trout mei in Dútsk famke: Hanna Schulenklopper. It pear komt njonken de winkel te wenjen en krijt twa soannen: Elkan Aron en Cäcil David.
Chellie Speijer hat in foaroansteande rol yn de Joadske gemeente. Hy is foarsitter fan it tsjerkebestjoer, ek as de oarloch yn 1940 útbrekt.
Op 2 febrewaris 1941 iepenet er de bestjoersgearkomste mei de wurden: "Overal om ons heen woedt de oorlog. Geve God dat daaraan spoedig een einde kome."
Speijer wit noch net dat it de lêste bestjoersgearkomste is. Want al gau folget de iene anty-Joadske feroardering de oare op. De bern moatte nei de Joadske Skoalle yn Ljouwert, want yn de oarloch meie sy net mear nei de gewoane skoalle ta.
Begjin 1943 wurdt Speijer arrestearre en dan folget deportaasje. Nei in wurkkamp, sa is noch de ûnderstelling.

De fytsen nei de buorlju

De fytsen fan Elkan en Cäcil wurde by de buorlju brocht. "Als we over een half jaar niet terug zijn, zijn onze jongens de fietsen ontgroeid." Yn dat gefal meie de buorjonges de fytsen wol brûke. En sa giet it ek.
In pear dagen letter arrivearret in briefkaart fan Speijer yn Harns mei de tekst: "Dit komt niet goed." It wie it lêste libbensteken fan de famylje.
Fia Ljouwert en Westerbork bedarje Speijer, syn frou en twa soannen yn kamp Sobibor. Dêr wurde sy op 26 maar 1943 fermoarde.
Oer hiel Europa lizze yntusken mear as 90.000 'stroffelstiennen', wêrop't de gegevens steane fan Joadske bewenners fan in adres yn de oarloch. Harns krige der 45, op inisjatyf fan feriening Oud Harlingen en it Centraal Comité 1945. Fan 17 april oant 4 maaie alle dagen in ferhaal, mei tank oan Oud Harlingen. Op telefyzje is eltse dei in ôflevering te sjen, nei Fryslân hjoed.