Liveblog | 27 april 2023

Dit wie de Keningsdei yn Fryslân

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan alles oangeande Keningsdei yn Fryslân.

  • Sjoch hjir foar tips dêr'tst hjoed fergees hinne kinst yn Fryslân;
  • It waar: it wurdt maksimaal 12 graden. Measte sinne oan it begjin fan de dei, letter bewolking. It bliuwt drûch.
Lêst bywurke: 27 april 2023, 21:59
21:59

Dit wie de Keningsdei fan 2023

Oant safier it liveblog foar dizze Keningsdei. Tank foar it folgjen!
21:58

Der is wurk oan de winkel moarn

Troep yn it sintrum fan Ljouwert © Omrop Fryslân
19:34

Lange rigen by it King City-festival yn Drachten

19:18

Yn Ljouwert wurdt drok opromme

17:46

Keningsdei Ljouwert 'gesellich drok' en sûnder ynsidinten ferrûn

Keningsdei yn Ljouwert is behearskber en sûnder ynsidinten ferrûn. Neffens in wurdfierder fan de gemeente wiene der op de frijmerk, de grutste fan Fryslân, wol wat lege plakken trochdat der minder ferkeapers wiene as ferline jier.
De tarin kaam rêstich op gong, mooglik troch de kâlde start fan de dei. Doe't yn 'e rin fan 'e moarn de sinne skine soe, waard it wol drokker, mar nearne hoegde ienrjochtingsferkear ynsteld te wurden. Gewoanwei binne der twa knyppunten dêr't dat troch drokte somtiden bart, mar dat wie no net nedich. "It hat gesellich drok west", seit de wurdfierder.
Ferspraat oer Ljouwert binne der yn de jûn noch fjouwer muzykeveneminten. Dy duorje oant 22.00 oere of 23.00 oere.
17:44

Ek op Keningsdei klinkt it Frysk folksliet út de kielen fan CMV Crescendo Drachten

Crescendo Drachten