Fryslân hikkesluter yn tal publike laadpeallen

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Fryslân rint efter as it giet om it oantal publike laadpeallen dat de húshâlden beskikber is. Dat docht bliken út in analyze dy't de NOS en de regionale omroppen makken fan data fan de Nationale Agenda Laadinfrastructuur (NAL).
Besitters fan in elektryske auto ha yn de Rânestêd folle mear mooglikheden om harren auto by in publike laadpeal op te laden as dêrbûten. Wylst der yn Noard- en Súd-Hollân ien laadpeal de hûndert húshâldens beskikber is, is der yn de fjouwer noardlike provinsjes faak mar ien peal de trijehûndert húshâldens delset.
It ûndersyk lit sjen dat der yn Nederlân grutte ferskillen binne de provinsje, ek yn ferhâlding is it yn de Rânestêd folle better bedield.
Yn de de Nationale Agenda Laadinfrastructuur (NAL) ha oerheden, netbehearders en merkpartijen ôfspraken makke om derfoar te soargjen dat it tal laadpunten meigroeit mei de fraach. Elektryske riders moatte derfan op oan kinne dat sy ienfâldich lade kinne.

It lêste plak

It útgongspunt fan de NAL is dêrom dat der op elk gebiet fan fiifhûndert by fiifhûndert meter dêr't op syn minst 125 húshâldens wenje, ien iepenbiere laadpeal stean moat. Mar dat slagget noch lang net oeral en al hielendal net yn Fryslân.
Yn totaal hat Fryslân 1.058 laadpeallen en goed tsientûzen elektryske auto's. As je sjogge nei de ferdieling fan de peallen dêr't de NAL nei sjocht, wurdt mar yn 35 prosint fan de gebieten dizze doelstelling behelle. Dêrmei stiet Fryslân op it lêste plak yn fergeliking mei oare provinsjes.
Direkteur Roland Ferwerda fan it Nationaal Kennisplatform Laadinfrastructuur sjocht in pear ferklearringen. Om te begjinnen is it gemiddelde wolfeartsnivo leger, wêrtroch't minder elektryske auto's kocht wurde en gemeenten minder oanfragen krije foar in laadpunt.

Opritten en minder bedriuwen

Ek wenje minsken rommer yn it Noarden. Meastentiids ha se in oprit en dêrmei de mooglikheid om in priveelaadpunt oan te lizzen. En der binne minder bedriuwen fêstige, dêrtroch ek minder leaseriders, yn it algemien de earsten dy't om laadmooglikheden freegje.
Gemeenten binne oan set foar it pleatsen fan publike laadpeallen, want dy stean op gemeentegrûn. As we ynzoome nei Fryske gemeenten, dan falt op dat de gemeente Dantumadiel fier efterrint as it giet om it oantal laadpeallen de húshâlden.
Yn Dantumadiel binne seis laadpeallen beskikber foar hast achttûzen húshâldens. Dêrmei stiet dizze gemeente lanlik ek op it twadde plak, as it giet om in gemeente dêr't it minste peallen binne.
Wethâlder Kees Wielstra hat hjir wol in ferklearring foar. "Wy ha yn ús gemeente in hiel soad frijsteande huzen mei opritten, dus ha minsken dêr sels de mooglikheid foar in laadpeal. Ek binne de gemiddelde ynkommens hjir folle leger, dus keapest dan minder gau sa'n djoere elektryske auto."
De gemeente hat op it stuit laadpeallen yn Feanwâlden, De Westereen en Damwâld. Der binne lanlike rjochtlinen foar en der binne ek noch plannen foar laadpeallen yn Broeksterwâld, Walterswâld, Rinsumageast en Driezum. En as ynwenners fan de gemeente in iepenbiere laadpeal wolle, dan kinne se dy ek oanfreege.

Net te beteljen

Mar dat wurdt net echt dien seit Wielstra. "Foar in oanfraach moatte je oan bepaalde betingsten foldwaan. Ien dêrfan is dat je sels gjin oprit ha. Mar de minsken dy't gjin oprit ha en dus yn in hûs wenje dat bygelyks sosjale hier is, dy kinne gjin elektryske auto betelje. Dy minsken binne al bliid as se in auto op de dyk betelje kinne."

Ferantwurding

De Nationale Agenda Laadinfrastructuur (NAL) publisearret op in kaart yn hokker CBS 500 flak mei mear as 125 húshâldens minimaal ien publike laadpeal oanwêzich is. De sifers oer de lokaasjes fan de laadpeallen ha as peildatum 31-1-2023.
Om te sjen hoe't de doelstellingen fan de NAL regionaal útpakke, is de data fan dizze kaart delhelle en analysearre troch datasjoernalist Just Vervaart. Fan in lyts oantal laadpeallen (~2%) is net bekend oft se publyk of semy-publyk binne, dêrom binne dizze bûten de analyze hâlden.