Wenten monumintale Ljouwerter Hollannerwyk wurde enerzjysuniger makke

De Hollannerwyk yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De bewenners fan de Ljouwerter Hollannerwyk binne tenei minder jild kwyt oan enerzjy as it goed is. De hûndert jier âlde huzen yn de monumintale wyk wurde nammenlik ferduorsume.

De wyk achter it stasjon sit fol mei skiednis. De huzen binne oan it begjin fan de foarige iuw boud foar personiel fan de spoarwegen. "It moaie is datst dat ek weromsjochst yn de bou fan de huzen," seit John Ruizendaal fan it boubedriuw.
"It is in soarte fan u-bocht. Yn 'e midden binne de grutste huzen. Dêr wenne de kondukteur, want dy hie krekt wat mear jild. Oan de sydkanten siet it 'gewoane' personiel. Dy hiene minder jild en moasten ta mei minder wenromte."
Monumentale wijk Leeuwarden wordt energiezuiniger gemaakt: Niet zomaar zonnepanelen op daken plaatsen
De folsleine wyk achter it stasjon yn Ljouwert hat in monumintestatus. Dêrtroch is ferbouwen juridysk net sa maklik. "Der meie net samar sinnepanielen op it dak", seit Willem Bootsma fan wenningstichting Elkien. De stichting foar sosjale hierwenten hat 117 huzen yn de wyk.
"Ferduorsuming wie yn it begjin hielendal net in doel. Wy woene de huzen gewoan by de tiid hawwe. Inkelde wenten binne boud yn 1915 en dy wiene wol hiel bot ferâldere. Dat moast oars, en dan mei stappen rjochting ferduorsuming. Sa komme der nije flierren, nije dakken en nije ruten."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De huzen yn de wyk wurde yn blokken ferboud. "By guon huzen moat echt alles der hast út", seit John Ruizendaal. "Yn de wyk sitte fjouwer wenten dy't wy wikselwenten neame. Minsken kinne dêr koarte tiid wenje as se harren hûs út moatte. As we klear binne, kinne se dan werom."

Bewenners bliid

Guon huzen binne al klear. De bewenners dêrfan binne tefreden oer it resultaat. "Fansels moatte jo earst alle noazen de goede kant op hawwe", seit Marga Garms fan de bewennerskommisje. Har eigen hûs is al ferboud en dêr is sy bliid mei.
"Doe't wy alle minsken oer de streek hiene, hiene wy eltsenien mei. Wy binne sels ek hiel tefreden, want myn eigen wente is der bot op foarút gongen. In nije flier, in nij dak en nije ruten soargje der mei-inoar foar dat ik in legere enerzjyrekken haw. Dat is moai, fansels."